SDS 1 seal hellet trije punten yn ‘e polder

Verslag Rottevalle – SDS 1
9 september 2003
Opstelling SDS 1 sneon
12 september 2003

It 1e sealteam fan SDS hat juster(woansdei) ek syn 2e wedstriid yn ‘e kompetysje wûn. Yn ‘e Evert van Benthemhal waard thúsclub Ens mei 3-0 ferslein.

 

Dat Ens in goeie tsjinstanner wêze soe wie eins foar de wedstriid al besjoen. Ens is foarich jier namlik krekt út de earste klasse degradearre. Ens fuotballe dan ek knap en SDS koe der mar muoisum útkomme. By rêst wie it 0-0. Dit wie foaral te tankjen oan ‘e goed keepende Jan Simon Jelsma. De twadde helte bleaun Ens druk jaan, mar koe hieltiten minder maklik in gatsje fine. SDS kaam der hieltiten gefaarliker út. . SDS hie al ferskeidene kânsen om sjippe holpen doe’t 5 minuten foar tiid dan eindliks Harm Stremler de 1-0 meitsje koe. Út in oanfal sa at dizze faker besjoen wurde kin by it sealteam (Harm spilet Willem yn, Willem hâld de bal beet oan’t Harm der wer is en jout de bal op ‘e side) makke Harm it skitterend ôf mei in stiftbaltsje. Ens kaam der no noch mear út en SDS krige noch mear romte. It wie Peter Sybesma dy ‘t sa noch 2 kear profiteare koe. De earste makke der nei in goeie aksje. De twadde wie om yn te lijsten. Hast fanôf de eigen efterline sjitte hie him oer de keeper fan Ens hinne. Hoefolle meter sil it west wêze? 25, 30, 40 meter? Yn Ens hawwe sy it der noch oer.

 

Folgende wike woansdei spilet SDS yn Snits tsjin WZS.