SDS 1 – SDS 75 jeugdleden mei it jubileumfeest

Weppers tongersdei 25-8-2022
25 augustus 2022
sc Heerenveenklinik mei it SDS-jubileumfeest!
29 augustus 2022

Yn de rêst fan âld-SDS 1 – âld-Nijland 1 rûn 19.00 oere op freed 2 septimber mei it jubileumfeest fan SDS sil der in spesjale wedstriid plakfine tusken SDS 1 en 75 jeugdleden fan SDS.
Dit belooft in grut spektakel te wurden.
De wedstriid sil in kertier duorje.
Foar de bern kin de jûn sawisa al net stikken, want sy krije in spesjaal jubileumsjurt wat sy hâlde meie en nei de wedstriid krije sy ek noch limonade en patat.
Dan moat it sjurt mar wer efkes út 😉

De wedstriid stiet ûnder lieding fan skiedsrjochter Auke Eringa en flagger by de 75 bern is ‘omke’ Daan Boersma.

De bern krije dus in spesjaal sjurt foar dizze wedstriid, thús moatte sy efkes in swart broekje oandwaan en SDS-sokken.
It sjurtsje kin fanôf 18.40 oere by it ballenhok ophelle wurde by de jeugdkommisje.


De SDS-jeugd hat alle fertrouen!