Weppers tongersdei 25-8-2022

Al mear as 175 dielnimmers foar de barbekjoe mei it SDS-jubileum! Jou dy ek op!
23 augustus 2022
SDS 1 – SDS 75 jeugdleden mei it jubileumfeest
25 augustus 2022

10 wedstriidballen kado

Tiisdeitejûn hat SDS 10 wedstriidballen fan Jouke Huitema krigen as kado foar it 75 jierrich jubileum! Dat liket der mar op.

Wedstriidposter

Drukkerij Van der Eems is drok dwaande de wedstriidposter fan nije wike te drukken, mar wy hawwe him hjir alfêst:

SDS 1 oefene

Justerjûn hat SDS 1 oefene tsjin fjirde klasser TOP ”63  1. Aardich wat folk oan de line, want it wie treflik waar. SDS komt op 1-0 troch Lourens van der Pol (strafskop), TOP makket foar it skoft de 1-1.
Nei de tee falt SDS 1 it meast oan, mar TOP skoart de 1-2. Krekt foar tiid makket Hendrik de Jong de gelykmakker.
Einstân 2-2

SDS 1 sil oefenje

Kommende sneon oefent SDS 1 yn en tsjn sc Stiens 1. It begjint dêr om 15.00 oere.

SDS 2 sil oefenje

SDS 2 oefent sneon thús om 14.00 oere tsjin Minnertsga 2.

SDS 75 jier yn GrootBolsward

Let op de krante fan GrootBolsward. In hiel ferhaal oer SDS 75 jier.

Let op!
Afbeelding

Harsens derby (2384)

Ho………..