SDS 1 makket kopposysje net wier

Ype, Eddy of Bertus
18 april 2003
Utslaggen senioren 19 april
20 april 2003

Foar de wedstriid SDS – Mulier waard al steld dat it fêst net in goeie wedstriid wurde soe. De hurde wyn en it hurde fjild makken de omstannichheden dreech.

It wie spitich dat dizze stelling foarôf ek útkaam. Want mei safolle minsken oan de line hiene je yn all gefallen fol op striid ferwachte. At je it publyk sjen litte dat je der meielkoar foar geane dan kin dat al in protte goed meitsje.

Utsein de earste 20 minuten koe SDS gjin echte fûst meitsje.

It hie ek oars rinne kind yn de earste 20 minuten, want ien fan de bettere aksjes fan Hendrik de Jong waard besletten mei in oertreding yn of bûten it strafskopgebiet.

Skiedsrjochter Hoekstra, dy’t fierders in prima wedstriid fluite, lei de bal bûten de 16 meter, wat tige dubieus wie en fergeat in kaart te jaan oan de ferdigener fan Mulier.

Wat langer de earste helte duorre wat better Mulier yn de wedstriid kaam. Sy eagen wat feller en wiene net benaud om der sa no en dan efkes goed út te kommen. Echt gefaarlik waard it net foar beide doelen.

De twadde helte joech hast in selde byld. Mulier wie seker net minder oan SDS, mar wachte geduldich op de kanskes dy’t kamen, omdat SDS dochs opsichtich op jacht gie nei in treffer. It koe hast net útbliuwe dat Mulier fia in kounter skore soe. By it earste doelpunt besocht Anne Stenekes it fuotbaljend op te lossen, wylst in bal oer de sydline skoppe better west hie.

Egbert Bootsma wie kansleas op it skot fan de spits fan Mulier.

SDS moast no noch hurder besykje in doelpunt te meitsjen en mei Floris Hiemstra as grutte man slagge dat ek wol. De doelman fan Mulier, de latte soargen der foar dat SDS foarearst net skoorde. Mulier die dat wol.

In misferstân tusken Tsjeard Halbersma en Gerrit Terpstra op it middenfjild joech in Wytmarsummer de gelegenheid oer te stekken nei it doel. Mei 0-2 op it skoreboerd wie de wedstriid wol spile, want der wie noch mar in minut of 5 te spyljen.

Dochs kaam SDS noch werom, earst in bal op de latte en dêrnei in foarset fan de goed fuotbaljende Wichard Deinum dy’t yn eigen doel wurke waard. 1-2

Mear siet er dizze middei net yn.

SDS kin him no opmeitsje foar de wedstriid tsjin CVVO. Dizze wedstriid mei yn alle gefallen net ferlern, want dan wurde de kansen op it kampioenskip en sels de neikompetysje wol hiel lyts.

It is te hoopjen dat de machteleaze foarhoede dan yn better dwaan is