SDS 1 ferliest fan Blauw Wit ’34

463 kilometer ride
9 augustus 2003
Nije SDS-League!!
12 augustus 2003

SDS hat sneontejûn syn earste oefenwedstriid spile. Sy spilen thús tsjin earsteklasser Blauw-Wit ’34 om 18.30 oere. Lokkich genôch wie it doe net al te waarm mear.

SDS kaam yn ‘e earste helte op foarsprong troch in goed nommen frije traap fan Feite de Haan. SDS krige goeie kânsen mar koe de foarsprong net fergrutsje. Foar rêst waard it noch 1-1. Yn ‘e twadde helte koe SDS it lykspul net hâlde en ferlear it úteinlik krekt mei 1-2.

SDS kaam mei de folgende nammen yn it fjild:

Keeper: Broer Wiebe de Ringh

Achter: Jan Simon Jelsma, Floris Hiemstra, Feite de Haan en Wichard Deinum

Midden: Anne Stenekes, Harm Stremler en Jakob-Klaas Haitsma.

Voor: Henk Postma, Marco Ottens en Hendrik de Jong.

Yn ‘e twadde helte kamen yn elts gefal Gerrit Terpstra, Ydo Harkema, Tsjipke Okkema en Durk-Yde Sjaarda noch yn it fjild. Ik kin der ien ferjitten wêze.