Weppers sneon 2-6

SDS 1 bliuwt yn de 2e-Klasse!
1 juni 2012
Weppers snein 3-6
3 juni 2012

SDS E2 Kampioen!!!

SDS E2 is hjoed kampioen wurden se ha mei 11-3 wûn fan RES E3. Nei it pingelsjitten waard der in fles champagne ûntkurke,en waard de leider trakteard op in champagne brûs. En wie Remco Bervoets sa attent wêst om een beker ta beskikking te stellen wêr foar grutte klasse. De jonges krigen ek nog in medaille fan SDS,dus die wienen yn in roes natuurlijk. Nei dit barren yn Boalsert bin we yn Easterein trakteard op een bakje patat en wat drinken, en krigen de leider en de trainer in blomke oanbean troch Robert Schildkamp. En yn de tuskentiid hie Bote mei Dirk Okkema oerlein om de mantsjes op een platte karre te setten en in rûnrit te meitsjen troch Easterein wat in hiele happening wie natuurlijk, want wat hiene se in skik allegear. Jonges bedankt foar jim ynset nei een minne earste helte fan de competitie, en in skitterende ôfslutting fan it 2e diel fan de competitie.
En succes mei jim fierdere foutbal carrieere by SDS
en Gerhard by JVB yn Boalsert.
Auke
P.s. Moarn komme de foto’s


Toernoai
SDS D1 waard woansdeitejûn let noch útnoege om hjoed mei te dwaan oan it jeugdtoernoai fan Sneek/Wit-Zwart. Fansels wienen de mannen enthousiast en meie sy hjoed noch efkes lekker fuotbalje. Der dogge mar leafst 25 teams mei en it duorret fan 9.30 oan ’t 16.00.

Neikompetysje
Der is hjoed noch in neikompetysjewedstryd om in plakje yn de 2e-Klasse. Om 14.30 spylje yn Snits de
Waterpoort Boys tsjin Minnertsgea. De earste wedstryd eindige yn 1-1.

Súksessen
Inkelde âld-SDS’ers hawwe dit seizoen in feestje boue kinnen. Sa waard Arnoud Koster kampioen yn de 4e-Klasse mei TOP’63 en Dick Schuurman waard kampioen mei VV Heerenveen yn de 4e-Klasse sneins. Foarige wike promofearde VV Dronryp mei de âld-SDS’ers Tsjalling Sikma en Jacob Tymersma fia de neikompetysje nei de 3e-Klasse. Noch fan herte lokwinske!

De 3 J’s
Jan van Asselt, Jan Rispens en Jelle de Boer binne juster nei Makkum ta rûn om de wedstryd tusken SDS 1 en Makkum te sjen. Lokkich foar harren wûn SDS, want oars hienen sy weromreis wer rinne moatten.

SDS-klean bestelle
Volgende week gaat er een bestelling uit van SDS naar MUTA voor het leveren van SDS kleding.
In de laatste Treffer staat een advertentie waarin een actie staat, net zoals vorig jaar, waar je bij een bestelling van een trainingspak en een grote tas een paar SDS sokken er GRATIS bij krijgt.
Wellicht iets voor jou?
Uiteraard kun je ook iets anders bestellen.
Klik
hier om je bestelling te plaatsen.
Groeten,
Douwe D. Reitsma
Voorzitter SDS


SDS EK-League
De earste 28 oanmeldingen foar de EK pool fan SDS binne binnen, mar dat is noch neat. Us rie is lûk efkes in kertierke út om him yn te fullen. Jim kinne
hjir sjen wêr’t jim dat dwaan kinne en hoe.

Sitten bleaun?
It wie juster dreech om Peppi & Kokki út te lizzen hoe ’t it no siet mei SDS 1 en Makkum 1. “SDS hat wûn, dus no geane sy nei de 1e-Klasse?””Nee, Makkum siet yn de 3e-Klasse en SDS yn de 2e-Klasse en SDS is no net degradeard en bliuwt yn de 2e-Klasse”.
“Oh, dus SDS is eins gewoan sitten bleaun…………”

Harsens derby (775)
“Komt dat schóóóóóóóóóóóóóóóóóóóóóóóóóót!”