Remco Bervoets folgend seizoen trainer SDS 1

SDS-klean yn de útferkeap!
28 november 2021
Weppers woansdei 1-12-2021
1 december 2021

It bestjoer fan SDS is der tige wiis mei dat sy melde kinne dat Remco Bervoets de nije trainer fan SDS 1 wurdt foar folgend seizoen.

Remco Bervoets is gjin ûnbekende by SDS. Hy spile jierren by SDS en hat ferskeidene jeugdteams traind.

Remco hat de ôfrûne jierren û.o. trainer west by vv Scharnegoutum. No is hy trainer by sf Deinum en sil hy dêrneist nei de winterstop vv Scharnegoutum traine.


Remco Bervoets as trainer fan it kampioensteam fan de JO19-1 yn it seizoen 2015-2016


SDS 1 yn 1991 mei as 5e steand fan rjochts Remco Bervoets.