Redaksje op wurkbesite

Nije trainer (16)
13 december 2003
SDS League: De Ideale Elf
15 december 2003

Cambuur wint mei 3-1 ûndanks oanwêzichheid SDS-ers.

 

Om it  kommerfolle Cambuur in riem ûnder it hert te stekken (of oarsom) wie de redaksje fan de Treffer op wurkbesite yn Ljouwert. Se hiene harren goed tarist op de wedstriid Cambuur-Haarlem.

Stoffel en Klaas koene sûnder fan in briefke ôf te lêzen “ It woanskip”sjonge. Noch net út folle boarst, mar dat kinne je ek net gelyk ferwachtsje.

Douwe en Hinke hiene goed oefene de eksotyske nammen goed út te sprekken en wiene oanslein dat de Sjatoeana, Mamadoedoe of hoe’t se ek mar hjitte meie, net meidiene.

Aant hie de thússide fan Cambuur trochsjoen en moast ta de konkluuzje komme dat dêr net folle opstiet . Meinte wie wol hiel dúdlik foar Haarlem: by in doelpunt fan Haarlem sei er ús de radeskski-mars ta, fanút syn mobile tillefoan.

Neidat de kassier fan de skrik bekommen wie troch dat er yn  ien kear 6 minsken tagelyk kamen, krigen wy it adfys om efter it doel sitten te gean. Net om it fuotbal mar om de wyn en de kjeld.

As in soarte mei Bunnik side siten wy neist it doel. Wy wisten dat we dêr gefaarlik sieten want it is bekind dat de measte skotten op it doel skotten oer it doel en neist it doel binne.

Dochs seagen wy flak foar ús Cambuur twa kear skoren. Yn de euforie fan it momint sprongen Klaas en Stoffel bliid omhecch om heare te litten dat sy de lofsang fan Anneke Douma goed leard hiene.   Sels Meinte kaam efkes oerein, mar dat kin ek oare redenen west hawwe.

Hinke wie sa goed om efkes kofje en kofjemolke te heljen. De kofje rekke op mar de kofjemolke yn in pastik bekerke kaam op de stoel foar ús te stean.

Oan de 80ste minut gie it goed. Ferdwaalde ballen kamen net by ús yn de buert. Doe wist in Haarlemmer in hurd skot neist te sjitten rjochte op de lege stoel foar ús. Dizze stoel wie dus net hielendal leech, want de kofjemolke fleach mei namme Douwe en Aant om de earen.

Efterôf wie dit dochs wol ien fan de hichtepunten.

Wat wie der noch mear leuk?

Fraach fan Aant oan de skiedsrjochterkenner Douwe: wie is de skeids?

Douwe: Ik soe it net witte.

Meinte: Dy yn dat griene pak.

 

Leuk wie ek noch dat Klaas earst miende dat Haarlem mei allegear brourren fuotballe. Stoffel hat him doe útlein dat soks rêchreklame is.

Omdat wy gjin rûzje ha woene, binne wy net ôfsetten nei de Cambuur bar mar nei JIMBAR. Dêr stie de trouste Heerenveenfan Sjoerd al op ús te wachtsjen