Weppers en seleksjes

Weppers tongersdei 5-2
5 februari 2015
Programma sneon 7-2
7 februari 2015

Net troch
It Efkes Baljen giet jûn net troch. In krisisteam stiet klear foar de geastlike gefolgen fan dit beslút.

SDS klean
Der is wer in hiele lading SDS-klean by Douwe-Dirk Retsma binnen kommen. Dat betsjut dat der wer hiel wat op foarrie is. Yn de SDS-wepsjop kinne jim sjen wat der sa al te krijen is. Binne jim fan doel SDS klean te keapen, skilje dan earst efkes nei Douwe Dirk Reitsma(332500), miskien hat hy it op foarrie. Hjir kin dan efentueel ek past wurde.
Der binne no dus ek “hooded sweaters” te krijen foar sawol jongens as famkes. Noflik waarm op sa ’n #waarmetruiendei as hjoed.
 

Seleksje SDS 1
SDS 1 moat it sneon thús opnimme tsjin Mulier 1.
Der wêze: 13.00
Spylje: 14.30

Jaap, Ewout, Tjipke, Feiko, Elger, Harm, Sjoerd, Grietzen, Erik, Skelte, Jelmer, Dirk, Dirk Yde en Wiebe.
Assistint skiedsrjochter: René

Skaadwedstriid
SDS 1 hat sneon al in oare wedstriid efter de hân at it yn Easterein net troch gean kin: Rijperkerk.

Ôflast
De earste wedstryd yn de 3e-Klasse A is fannemiddei al ôflast. Waterpoort Boys 1 – Workum 1 giet moarn net troch.

Ek ôflast
Wy krije troch dat de wedstryd tusken VV Sint-Annaparochie B1 en SDS B1 net trochgiet. It fjild is besnijd.

Ek al ôflast
De oefenwedstryd fan SDS C1 moarn yn Snits is ek ôflast y.f.m. snie op it keunstgersfjild.

Seleksje SDS A1
Ek SDS A1 moast sneon thús ek wer los. SWZ A1 is de tsjinstanner.
der wêze: 10.15
fuotbalje: 11.00

Stephan, Martijn, Gerwin, Jurjen, Remon, Pieter S, Teun, Foeke, Almar, Lourens, Douwe, Jelle Jan, Pieter de V, Bote.
Assistint skiedsrjochter: Klaas Overal

Klaverjasse
Mocht it fuotbaljen net trochgean dan soe it moai wêze at jim manmachtich nei de kantine komme om te klaverjassen. Betûftens, gesellichheid en lekkere fleisprizen en dat allegear foar it grutte doel dit jier: jild foar it keunstgers.
It begjint om 15.00 en de ynlis is €2,50. Der wurde 3 boomkes kaarten.

SDS en de Poeisz-aksje
SDS docht ek wer mei oan de Poeisz-aksje. Dêrfoar moatte je nei de Poiesz yn Skearnegoutum. Yn de kantine sil ek wol in bak komme te stean wêr ’t je de Poeisz-munten yn kwyt kinne. By eltse €10,- oan boadskippen krije je in munt. Hooplik ynkoarten mear hjir oer.
http://www.poiesz-supermarkten.nl/files/0/6/7/2/JSA_socialmedia_banner.jpg?height=391&width=783

Efkes (wol of net)Balje
Fannemoarn betiid gong it al los. Foar 7 oere waarden de earste berjochtjes yn de Whatsapp groep fan Efkes Balje al wer dield: Ik bin der,….ik ek….. ik seker ek….ik net…. Sokke betiden aksjes jout oan dat se wer hiel graach los wolle, ek al fielt it min in hiel soad. Se hoopje mei sokke betiden berjochten ek ien fan de wepmasters ûnder druk te setten om foaral net op de side te setten dat it net trochgean kin.
Gelokkich is der in ferstandige man binnen de klup dy’t a) hiel goed begrypt dat de Efkes Ballers hiel graach gewoan los wolle en b) foaral sjocht at it om it fjild kin. De Efkes Ballers geane in drege ûnsekere dei temjitte en binne yn ôfwachting…..

EB ek ôflast

Efkes balje wordt vanavond niks de velden liggen nog onder de sneeuw.
Oetze

Peppi & Kokki
Frank de Boer stiet by Ajax – AZ lans de line te balten tsjin syn ploech. Peppi & Kokki sitte foar de tillevysje en freget Kokki:
“Heit, wêrom ropt Frank de Boer de hiele tiid; doordenken!”

Harsens derby (1428)
Ien, twa, hap…….
GrossMeatyBudgie A goal celebration from Albania goes hilariously wrong [GIF]


Letter mear!