Weppers freed 24-1-2025
24 januari 2025SF Deinum 1 – SDS 1 yn byld
26 januari 2025Sneon (hast) allegear wer lekker bûten……
Nijsgjirricheden, foto’s, teamfoto’s wedstrydferslagen en útslaggen binne wolkom by willem@vv-sds.nl en aant@vv-sds.nl.
09:30 | SDS JO11-1 – Blauw Wit ’34 JO11-2 | g.n.t. |
09:30 | SDS JO8-1 – Beetgum JO8-1 | 5-6 |
10:30 | SDS JO9-1 – LAC Frisia 1883 JO9-3 | 5-4 |
11:00 | SDS JO12-1 – ONS Sneek JO12-1JM | |
14:30 | SDS 2 – Oudehaske 2 | |
14:30 | SDS 3 – Bakhuizen 2 | g.n.t. |
09:00 | Workum JO9-2JM – SDS JO9-2 | |
10:00 | Hielpen JO11-1JM – ST SDS/Nijland JO11-2 | |
10:00 | LAC Frisia 1883 JO10-1 – SDS JO10-1 | 5-5 |
10:00 | fc Harlingen JO10-1 – SDS JO10-3 | |
10:15 | GAVC JO10-2JM – SDS JO10-2 | 5-10 |
10:30 | SC Bolsward JO12-4 – SDS JO12-2 | |
11:00 | Hardegarijp MO11-1 – SDS MO11-1 | 3-0 |
14:30 | S.F. Deinum 1 – SDS 1 | 0-2 |
De earste winst is al binnen!
Petronella en Jelte-Pieter Dijkstra binne woansdei de grutske âlders wurden fan Brenn.
En Nils de grutte broer fansels.
Wy winskje harren mei syn fjouweren in hiel soad sûnens, wille en lok ta!
Brenn
De Dijkstra boys!
sf Deinum 1 – SDS 1
Douwe
SDS 2 – Oudehaske 2
Wedstriidferslach: SDS 2 – Aldehaske 2
Op in prachtige dei op Sportpark de Skoalleseize, mei in blauwe loft en in hearlik sintsje, stie de wedstriid tusken SDS 2 en Aldehaske 2 op it programma. In echte seispuntewedstriid, sjoen it minimale ferskil fan ien punt tusken de nûmer 6 (Aldehaske) en nûmer 7 (SDS) op de ranglist. Fanwege in fakânsje fan Marco nei Lapland stie dit kear Bote foar de groep.
De wedstriid begûn spektakulêr mei de snelste goal fan it seizoen. Binnen 30 sekonden ferovere Niels de bal en stjoerde Wessel S fuort, dy’t ien-op-ien kaam mei de keeper en de bal yn de fiere hoeke skeat: 1 -0! Aldehaske reagearre rap en kaam hast op gelyke hichte, mar de bal gie krekt foarlâns.
Koart dêrnei skeat SDS rakelings neist, en even letter moast de keeper fan Aldehaske in prachtige frije traap fan Wiebe oer tikje. De wedstriid bleau iepen en spannend. Om de 20e minút hinne skoarde Aldehaske de lykmakker mei in skot fan in meter as 10, trochdat de bal ûnder Mark troch glipte: 1 -1.
SDS bleau druk setten en kreëarre kânsen. In prachtige oanfal resultearre yn in oertrêding en frije traap op 17 meter, mar de bal gie der krekt net yn. Healwei de earste helte joech Aldehaske in foarset dy’t tsjin de holle fan in spiler fan de útploech bedarre, mar de bal gie krekt foarlâns. Krekt foar it skoft kryg Arjen in libbensgrutte kâns nei in geniale stekpass fan Jurjen, mar hy wist dizze net te tsjin de touwen te wurkjen. Undanks dat beide ploegen kânsen hiene, soe in foarsprong foar SDS by rêst terjochte west ha.
Nei rêst waard Wessel S. ferfongen troch Habtamu. Yn it begjin fan de twadde helte krige Aldehaske fuortendaliks in grutte kâns, mar Mark rêde knap. Koart dêrnei moast Niels blessearre it fjild ferlitte en waard er ferfongen troch Lieuwe, dy’t mei syn earste balkontakt fuortendaliks goud wurdich wie. Syn skitterende foarset waard perfekt yn de krusing kopt troch Jurjen: 2 -1!
SDS bleau druk setten en like grip te krijen op de wedstriid. Spitigernôch foel dochs de lykmakker. In skot fan Aldehaske waard yn earste ynstânsje keard troch Mark, wêrnei’t de rebound foar Aldehaske wie: 2 -2. Sa like de wedstriid ek te einigjen. It tsjindiel wie wier… Flak foar it ein skoarde Aldehaske noch út in counter, wat de einstân op 2 -3 brocht. In soere nederlaach foar SDS, want der hie seker mear ynsitten.
Jûns stie it jierlikse teamútsje op it programma. Ideaal om dizze nederlaach gau te ferjitten. We binne mei syn allen nei BOEL west yn Ljouwert. Wêr ’t wy in lekker hapke iten ha en mei wat ballen smite hawwe. Letter ha wy de jûn noch in passende ôfslúting jûn yn de stêd, in topjûn! Op nei nije wike, de wedstriid tsjin hikkeslúter Skearnegoutum.
Allert Turksma