Programma SDS dizze wike

It reglemint fan doe
15 maart 2004
SDS League: De ideale elf
15 maart 2004

Ûnder “Agenda” kinne jimme it programma fine foar alle SDS-teams. Foaral yn Easterein sil sneon in soad fuotballe wurde. De lêste wedstriid sil pas om 15.30 oere begjinne. SDS 2 spilet dan foar de beker tsjin Viboa út Winsum (Grins).

SDS 1 oefent sneon út tsjin Ljouwerter Sweltsjes yn Ljouwert om 14.30 oere.

Yn ‘e seal is SDS 2 dizze wike op ‘e nij frij. SDS 1 kin woansdeitejûn yn Easterein kampioen wurde at sy winne fan ZVVS. De wedstriid begiet om 21.00 oere. Konkurrint WZS spilet thús tsjin Urk om 19.30 oere.