Programma SDS 1 – Oudehaske 1

Weppers freed 26-5-2023
26 mei 2023
Sneon 27-5-2023
27 mei 2023

Fannemiddei sil der nei de wedstriid SDS 1 – Oudehaske stil stien wurde by it stopjen fan Jaap Toering en Hendrik de Jong, it fertrek fan Wesley van de Wint en it kampioenskip fan de JO19-1.


Jaap Toering kaam yn 2006 oer fan Blauw-Wit’34, kaam by SDS 1 ûnder de latte te stean en is der nea wer wei west.


Hendrik de Jong spile yn 1999 al syn earste wedstriid foar SDS 1. Ynmiddels binne wy 116 goals fierder. Hy hat tefolle lêst fan syn knibbel om fierder fuotballe te kinnen oars wie der wis trochgien oant de 200 goals.


Wesley van de Wint hat syn hiele libben by SDS balle en sil no nei vv Tzum te baljen.


De JO19-1 is ferline wike kampioen wurden en wurde noch efkes yn it sintsje setten.


Sipke de Boer sil spylje fanôf in oer as 16.30 oere oant 21.30 oere.


De barbekjoe begjint rûn in oer as 18.00 oere. De 10 euries foar de barbekjoe kin betelle wurde mei help fan de QR-koade dy t yn de kantine leit.


Tuskentroch is der fansels ek noch Draaiend Rad.

It wurdt fêst in alderaardichste dei!