Weppers freed 26-5-2023

SDS-slotjûn mei barbekjoe op 27 maaie. Jou dy no op!
25 mei 2023
Programma SDS 1 – Oudehaske 1
27 mei 2023

Freedtejûn frouljusjûn

Jûn spylje de froulju fan SDS Vr.1 wer thús. It begjint om 19.30 oere en it wurdt fêst in alderaardichste jûn.

SDS 1 – Oudehaske 1

SDS 1 is ek folgend jier wer 3e-Klasser. Nei de 2-1 winst op WPB hoeft SDS net mear nei ûnder te sjen. It mei sels fier omheech sjen, want by winst op Oudehaske en ferlies fan DWP, Nijland, Scharnegoutum en SVM kin SDS de 3e Perioade noch pakke. Dat soe wol hiel bysûndere slagreamme op de taart wêze.
Deselde seleksje as ferline wike mei it dwaan: GertJan H, Luuk, Douwe Jan, Jelte Pieter, Gerwin, Gerbrand, Matthijs, Jelmer, Remco, Habtamu, Erik, Wesley, Lourens, Stan, Wierd en Steven.

SDS 2 – BCV 3

SDS 2 wol it seizoen graach goed ôfslúte en is wol wer ris ta oan in oerwinning. Sy fuotbalje moarn om 12.00 oere thús en wurde om 11.00 oere yn de boks ferwachte.
Dit is de seleksje:
De seleksje:
1. Jort
2. Robin
3. Jeffrey
4. Anne
5. Tim
6. Wessel S
7. Bote
8. Jurjen
9. Sietze
10. Arjen
11. Tjitse
12. Steven
13. Wessel w
14. Jesse ?? Last
15. Tom
16. Eeltsje?? Last

Workum 4 – SDS 5

SDS 5 mei it seizoen noch efkes passend ôfslúte yn Warkum. De wedstriid begjint om 14.00 oere.
De seleksje is ynmiddels aardich úttinne, mar moat it noch prima dwaan kinne:
Tsjipke, Feite, Harm S, Peter, Tjeerd, Klaas, Jentsje, Ronny, Frank, Dirk-Yde, Jorrit, Michael, Bouke en Wiltsje.
Dennis flagget.

Feestelijk ôfslúte

Mar leafst 120 SDS’ers hawwe harren opjoen foar de barbekjoe, it waar liket net sa gek en Sipke de Boer hat der nocht yn. Mei oare wurden; it wurdt in alderaardichste dei moarn!

Barbekjoe betelje

De SDS-barbekjoe moarn is fergees foar frijwilligers, stipers en Freonen fan SDS. Foar de rest kostet it 10 euries p.p. Der kin betelle wurde mei help fan in QR-koade dy ’t moarn wol yn de kantine te finen is. Fia de mail hawwe de measten ek al in betelfersyk krigen. Erik Haitsma mei kontant betelje by ponghâlder Henk Postma 😉
Mar leafst 130 lju hawwe harren opjoen, dus it wurdt fêst in alderaardichste jûn.

Harsens derby (2170)

‘Tikkie werom, Jaap’

Letter miskien wol mear!