Programma Mid-Simmercup

Wa wint de SDS EK-League?
30 juni 2004
Wat seit Advocaat?(woansdei)
30 juni 2004

Hooplik wurdt it kommende sneon wat moai waar. SDS moat sneon fuotbalje om de Mid-Simmercup yn Dronryp en der is allinne mar traint by moai waar. It toernoai begjint om 14.30 oere. De finale sil om 20.00 oere wêze. Hjirûnder it wedstriidskema foar SDS. Wichtich om te witten is dat sneon de sealregels telle. Hjirby twa útsûnderingen. In bal tsjin it plafond hindert neat (as it al lukt) en slidings binne tastien.

15.00 oere Foarút(fjild)-SDS
16.30 oere SDS-Trynwâlden
17.45 oere SDS-Drachtster Boys

De wedstriden duorje 15 minuten.

Dit is de seleksje oan ’t no ta foar sneon:
Floris Hiemstra
Harm Stremler
Jan Simon Jelsma
Anne Stenekes
Peter Sybesma
Willem Wijnia
(Ik mis noch in pear)

Robert Sybesma, Feite de Haan en Mark Postma hawwe ôfsein.