Krystweppers!

Weppers tiisdei 22-12
22 december 2015
Programma 2 jannewaris
25 december 2015

Krystsealtoernoai yn Frjentsjer
As je no 2e-Krystdei ek in leuke dei hawwe wolle, dan is it seker in oanrieder om efkes yn Frjentsjer te sjen. Hjir kinne jim û.o. de (âld)SDS’ers Freek, Johannes, Geert, Tsjipke, Jaap, Jacob, Tseard, Wytse, Jacob-Klaas, Jacob, Feite, Bote, Dylan, Sicco en ien fan de wepmasters fuotbaljen sjen.

Volkskrant-Krystkwis
By de Volkskrante hawwe sy in
alderaardichste kwis mei alderaardichste prizen om efkes mei de krystdagen yn te fullen.

VI-Krystkwis
Foar de echte kenners is der de jierlijkse
VI-Krystkwis. Wier de muoite wurdich!

SDS-Krystpuzzel
Yn de Treffer stiet ek noch in alderaardichste krystpuzzel. It goeie antwurd kinne jim noch ynstjoere oan ’t 1 jannewaris ta. Û.o. Jehannes Nauta hat syn oplossing al ynlevere. De priiswinner wurdt bekend makke op de SDS-nijjierssit.

Wrâldalvetal 2015
Krûp efkes yn it jaske fan in grut trainer en stel je wrâldalvetal gear!
Hjir kin it.

Snertrin 2016
It makket neat as je dizze Kryst wat mear ite as oars. Mei de SDS-snertrin op sneon 2 jannewaris draaf of rin je it der wol wer ôf. It wurdt in rûntsje fan sa ’n 4 à 5 kilometer en it is foar eltsenien dy ’t wat mei SDS hat. Spilers, jeugdspilers, trainers, spilersfroulje, supporters, memmen ensfh. Wa ’t no echt in bult iten hat mei de Kryst mei 2 rûntsjes dwaan. De rinners starte om 13.00 en de drafers om 13.30 oere.

Krystferskes
Dizze dagen heare je allegear prachtige krystferskes of lúster je nei de Top 2000 op de radio. Mail je favorite ferskes nei dizze mailadressen en wy soargje dat dizze plaatsjes op de SDS-nijjierssit draaid wurde mei in moai klipke der by. Marten Faber hoecht net mear oan te freegjen. Wy hawwe dizze al foar him klear stean.

Krystkaart
 

Harsens derby (1651)
Falcao is superdepuper!
Miskien is sealfuotbal sa wol it moaiste wat der is……