Pré-PC-wepperkes

Wepperkes
2 augustus 2004
Nei-PC-wepperkes
5 augustus 2004

In ein fuort
Mei de nije kompetysje-yndielingen komme je ek wer ferienings tsjin wêr as je noch net folle faker tsjin fuotballe hawwe. It 2e sealteam moat de earste wedstriid lyk út nei ZVH. Dit sil net in soad minsken wat sizze. Wy kinne melde dat dit hielendal yn Hasselt is, by Zwolle. Ek SDS 2 moat hjir hinne. Sy spylje de 2e wedstriid út tsjin Olympia ’28 en jawol, dat komt ek út Hasselt.

Net 6 mar 5
Yn de striid om de krânsen hat ús webmaster efkes de goeie bril net op hân. Yn Lollum hingje by de famylje De Jong/Wijnia net 6 mar 5 krânsen. Wy sil it lyk feroarje yn ‘e stân. Mei tank oan ‘e oplettende Wichard Deinum. It is ús net bekind hoefolle krânsen as hy by him thús hingjen hat.

It binne der echt mar 5.

Hoefolle besikers?
Sa simmers lûkt de webside altiten wat minder besikers. Dochs dogge wy it noch net iens sa gek. Juster hienen wy dochs 205 besikers. Hjirmei wienen wy 154e fan alle fuotbalpagina’s yn Nederlân. Das noch net sa gek.


Klik ris op it blaue grafykje en je kinne sjen hoefolle besikers de SDS-webside sa deis lûkt.

Posityf
De jûn foar de Pc is der altiten in fuotbalwedstriid yn Frjentsjer. Meastentiids spilet in klup út Ljouwert tsjin in eredifysjeklup. Yn dit gefal Cambuur – AZ. Wylst A en B seleksje harren yn it swit drave, koe in feteraan, dy’t folle letter begjint kin mei de training efkes wat yndrukken opdwaan by dizze wedstriid. Mei de stoute skuon oan gie hy tusken de echte Cambuur fans stean en hoopte mei geniete te kinnen fan de positive ferhalen dy’t er gean oer Cambuur dit jier.
In blomlêzing:

  • Oer Ronny Venema dy’t in ferkearde lange bal joech: “He Venema, hast dat by it Fean leard?”
  • In Marokkaan dy’t allinne each hie foar Elkatabbi sei nei in heal oere by 25 graden: “Ali noch koud, moet noch warm worden”
  • Oer Dominique van Dijk, dy’t de útstrieling hat fan in anti-oanfierder, nei ien goeie aksje: “Dy sien we de hele wedstryd niet weër”
  • Wylst it gejuich oer it doelpunt van van Bronkhorst noch mar krekt begûn wie stelde immen fêst: Dy is binnen it jaar fertrokken, dan kanst so sien. Dy is feul te goed!”
  • Oer ThijsHouwing, dy’t sels muoite hat mei it nivo fan Cambuur: “Dy ken beter naar it tweede, dat is echt niks
  • Oer Henk van Steeg dy’t stiif en stram eaget mar  lestich foar in tsjinstanner is : Dat is in heule beste. Dat waar by Swolle ok so.
  • Oer Dick de Boer: “Hy sal wel wer sêge, ik haw goeie dingen sien”

Nei goed 85 minuten wist ús ferslachjouwer genôch. Der is by de Cambuur supporters neat feroare. Sy witte harren gjin rie mei reedlik goed spul yn de earste helte. De einstân wie wierskynlik 1-2. In oere nei de wedstiid stie dat noch net op harren side. Der binne wol amateursklups, wêr’t dat better regele is.

Fan de kransenwebmaster
It is fansels prachtich dat er immen de kransen op de foto telt. Dat binne der yndie 5. It is lykwols mooglik dat wy it berjocht krije dat er in krans bykommen is, wylst der noch gjin foto beskikber is. Dat hjit yn faktermen dat wy sneller binne as it gelûd. Yn dit gefal is dat sa. Ut tige betroubere bron hawwe wy fernommen dat Petra sneon yn Wommels de priis wûn mei it ledenkeatsen. Omdat dy famylje tige betrouber oer komt, hawwe wy dat al meinommen yn de tuskenstân. Werfan akte.