Nei-PC-wepperkes

Pré-PC-wepperkes
3 augustus 2004
Waarm waar Wepperkes
7 augustus 2004

Eregasten.
Redmar Strikwerda, Douwe de Boer (beide fuotbaljend by SDS) en Erik Haitsma (earder SDS, no Cambuur) wiene woansdei op de PC “eregasten” fan de PC-kommisje. Sy hiene yn juny it nederlânske kampioenskip wûn en as gefolch dêrfan hiene se dizze útnoeging krigen.

It kin sa moai wêze
Sa’n PC dei kin sa moai wêze. In dei wêr’t je kunde, âlde kunde moetsje en in dei wêr je yn de tribune je plakje opsykje en mei oare minsken de partijen oanskôgje. It kin dan sa moai wêze, al dy mieningen al dy praatsjes nei in bepaalde slach. It kin ek oars. Je kin it sa treffe dat er Fries om utens syn Hollanske kunde meinimt, en krekt efter jo yn de tribune komt sitten. En dat dy Fries om utens syn kunde it keatsen begjint út te lizzen. At je de eagen net goed iepenhâlde en je heare it praat dan hiene je je wol by it tennissen wane kind: Dat is in game en dat is de eerste service, sa hearden wy as útlis.

Kinne sokke minsken tenei op in sneon nei it keatsen yn Wier, Morra of Ternaard.

Ien âld-SDS-er
Op de list fan de PC stie ien âld SDS-er(Mannes van Weert). De húskeamerfraach is: wat wiene de trije lêste SDS-ers of âld SDS-ers dy’t meidien hawwe oan de PC. Jim kinne it antwurd maile nei: info@vv-sds.nl