Wepperkes

Kransen binne djoer
1 augustus 2004
Pré-PC-wepperkes
3 augustus 2004

Traine?
Soms freegje jesels wolris ôf as dat trainen no altiten wol safolle sin hat. Sa yn de foarbereiding op it nije seizoen drafe je meastentiids en fan ôfronden op ‘e goal komt it mar noait. De trainer kin je dan ek net kwea ôf nimme as dit je dan ris oerkomt.

Drege dagen

De Knvb hat in hiele nije trainingstêf ynfuld. Mear as opfallend is fansels dat it allinne mar âld Ajacieden rie jouwe en beneamd wurdt ta trainer. Swiere tiden foar Feyenoorders. It wurdt noch slimmer at je frou dêr noch in skepke boppeop docht.

Sjoch hjir

 

Kransennijs

De Okkema’s hawwe der snein wer in krans byhelle. Alteast dat wurdt er sein. It binne der no al 11. Is it dan no al beslist?

 

Wat sit yn in bal?

Johnny Lighart, trainer fan Mulier, mocht snein yn PC kafe ek wat sizze oer koaching by it keatsen. Hy kaam ta in moaie útspraak: “Der binne soms bestuursleden die wete niet of der no sán of lucht yn in bal sit.”

 

Beker foar veteranen

Der binne al hiel wat yndielingen en programma’s fan it kommende seizoen op de side fan de KNVB setten. Hast alles soene wy sizze. Kompetysje en bekerprogramma’s fan senioren en jeugd binne allegear bekind. Wat er noch mist is it bekerprogramma fan de feteranen. Of docht SDS dit jier net mei?

Beker foar de seal
Ek foar it 1e sealteam fan SDS is der noch net in tsjinstanner foar de beker bekent.

Voetbalnoord

Op voetbalnoord stiet altyd in protte ynformaasje oer allegear amateurklups. It is no mooglik om in leuke gids per klasse te meitsjen. Fansels is it wol wichtich dat de klupferslachjouwers de gegevens troch jouwe. Wy hoopje dat de oare dielnimmers yn 2L dêr oan mei wurkje. Grutte wurdearring foar Jan Dijkstra fan voetbalnoord. Neidat wy de seleksje troch krige hiene fan Lykle Bleekveld en ús side dêr mei klear krije koene, soarge hy der foar dat it op www.voetbalnoord.nl komt te stean.

 

Bewarnummer

De kommende twa wiken wurdt er drok wurke oan it bewarnummer fan 2004/2005. Neist de alvetalyndieling fan senioren en jeugd kinne dit jier ek de tsjinstanners fermelden wurde fan alle alvetallen. By it earste konsept is al wol dúdlik dat net elkenien adres feroarings trochjout oan Eddy de Boer. Sa komme ferkearde adressen en soms ferkearde tillfoannummers yn it bewarnummer. Spitich.

Foarút mei Lykle?
De earste kompetysjewedstriid foar it 1e sealteam fan SDS yn de 1e Klasse is direkt in dregen. Sy meie dan út tsjin Foarút. Dochs jieren ien fan ‘e bettere sealfuotbalploegen fan Fryslân. Leuk detail hjirby is ek noch dat de nije trainer fan SDS 1, Lykle Bleekveld, hjir noch altiten by sit as reserve. It sil ús benije as der ek meidocht tsjin SDS.

Foarút nei Easterein?
It is noch net dúdlik wêr as Foarút syn thúswedstriden dit seizoen spylje sil. Troch de problemen mei Schatzenburg kin it best wêze dat de earste wedstriid tsjin SDS yn Frentsjer fuotballe wurd. Ek Easterein wurdt neamd as plak om kommend seizoen de thúswedstriden te spyljen.