PC-weppers

Keatskenner SDS
30 juli 2013
Tarieding SDS 1
1 augustus 2013

Keatskenner
Wa wurdt hjoed de SDS-keatskenner?
Hjir kinne jim sjen wat ferskeidene SDS’ers foarsein hawwe.

Fan herte lokwinske!
Wy hoopje dat wy jun in SDS’er lokwinskje kinne mei in earste priis op de PC, mar foar it safier is wolle wy yn elts gefal Harm-Auke Dijkstra efkes by de han hawwe. Hy is hjoed jierdei! 32 jier is der wurden!

SDS 2 begjint letter
SDS 2 wie fan doel om kommende moandei te begjinnen mei de tarieding op it nije seizoen. It docht allinnich bliken dat yn dizze wike de measte lju noch op fakansje binne. Trainer Broer-Wiebe de Ringh hat no besletten om te begjinnen op moandei 12 augustus.
Foar de rest sil
dit skema folge wurde.

Tarieding SDS 1?
Wy binne wol benijd hoe’t it tariedingsskema fan SDS 1 derut sjocht. Wa soe it us maile wolle? Mail it nei info@vv-sds.nl 

SDS League
Yn de Eredivisie geane sy dit wykein los, mar wy wachtsje noch efkes mei de SDS-League. De transfermerke is noch iepen oan’t 2 septimber……..

Alderaardichst
Fuotballers fuotbalje op fel kleurde skuon en no begjinne sy ek al mei bikini’s under it kluptenue:

En daliks ek noch fuotballers mei lang hier seker??

Harsens derby(1076)
Wy sitte hjoed hielendal yn keatssferen:
“Boooooooven!”