Op nei de nije SDS-League!

Gjin OFK…….
9 januari 2021
Weppers tiisdei 12-1-2021
12 januari 2021

De earste wedstriden yn de Eredivisie nei de winterstop binne alwer spile, mar mei de SDS-League wachtsje wy noch efkes oant de transferperioade der op sit. Dat betsjut dat wy 11 febrewaris wer los kinne. Nei 1 febrewaris kinne jim de dielnameformulieren hjir wer op de webside fine.

Yn tiid sjogge wy noch efkes werom op de earste helte fan de SDS-League. Dizze waard wûn troch “De Regenjas” fan Thor Ruiter en Kris Gaastra. Sy stienen fanôf wike 3 al boppe-oan. Sy dienen dat mei it folgende team:
Padt (GRO)
Wijndal (AZ)
Max (PSV)
Van der Maarel (UTR)
Doekhi (VIT)
Klaassen (AJA)
J. Veerman (HEE)
Vloet (HER)
Berghuis (FEY)
Danilo (TWE)
Pavlidis (WII)

De boppeste trije fan de SDS-League hienen alle trije in foarhoede mei Berghuis (FEY), Danilo (TWE) en Pavlidis (WII).

Okke van der Kamp wûn in prachtige SDS-paraplu as poedelpriis mei ‘FC Okke’.

Dochs hie hy eins hielendal net sa ’n gek team:
Drommel (TWE)
Haps(FEY)
Dammers (GRO)
Van Polen (PEC)
Warmerdam (UTR)
De Wit (AZ)
J. Veerman (HEE)
Bazoer (VIT)
Antony (AJA)
Zahavi (PSV)
Pavlidis (WII)
Juster by Ajax – PSV hie him dat aardich wat punten opleverje kinnen………

Daliks mear!