ONT-SDS-nijs

SDS League: SC Mukkes pakt de wykpriis!
11 mei 2005
Wepperkes -tongersdei-
12 mei 2005

Gjin bus
Neffens ús ynformaasje giet der sneon net in bus nei Opeinde. Mocht der in bus ride dan moat dit efkes oanmelden wurde by ONT(vv.ont.opeinde@planet.nl). De bus kin dan binnen it hek op de tagongswei parkeerd wurde.

Seleksjes
Moarn kinne jimme hjir de seleksjes fan sawol SDS 1 as ONT 1 foar sneon besjen.

Parkere

De parkeergelegenheid by ONT is beperkt. SDS-supporters kinne dan ek better net te let komme. De auto sil yn it doarp parkeerd wurde moatte en dan is it al in stikje rinnen.

Routebeskriuwing
Klik
hjir foar in routebeskriuwing nei it fjild fan ONT.

ONT-side
Fansels kinne jimme op de webside fan ONT ek alles fine oer de wedstriid fan sneon. Klik
hjir.

Omrop Fryslân
Foar Omrop Fryslân docht sneon Minne Hovinga ferslach fan de wedstriid yn Opeinde.

Sukses!
Hinke winsket SDS 1 alfêst sukses foar sneon:
Ik sit op Skylge it wykein mar sil mei Dukke in Hotline hâlde. Want ik moat fansels al oan de oare kant fan’t wetter witte hoe as it giet. Ik winskje in elts dy’t wat hat mei SDS in protte sukses, foar de mannen fan de seleksje, trainer, begelieder en grinsrjochter.
SUKSES
Met vriendelijke groet,
Hinke A. Kuiper

Nijs?
Hawwe jimme noch wat oer de wedstriid fan sneon, mail it nei
info@vv-sds.nl.