De nije SDS League

Wepperkes sneintemiddei
15 augustus 2004
Okkema’s en Siccoma’s skore in krans
16 augustus 2004

De fuotbalkompetysje is wer begûn en dat betekent dat wy fansels ynkoarten ek wer begjinne mei in nije SDS League. Jimme koenen fan ‘e wike hjir al lêze dat de puntentelling wat feroare is. Foar de rest bliuwt alles by it âlde.

Hjir kinne jimme de nije dielnimmingsformulieren fine foar de earste helte fan it seizoen 2004/2005. Jim moatte jimme team ynleverje foar snein 5 september 2004. At je  oan de earste helte meidogge dan dogge je ek automatisch mei oan de twadde helte.

 

Jimme kinne jimme teams wer ynleverje by:

 

Roel Sybesma, De Singel 17, 8734 HP Easterein

of by

Willem Wijnia, Walperterwei 21, 8731 CC Wommels.

 

Ek kinne jimme jim team maile nei: sdsleague@vv-sds.nl

 

De stân kinne jimme eltse wike neilêze op dizze webside ,hy hinget yn ‘e fuotbalkantine en ferskynt eltse moanne yn ‘e Treffer.

 

Hjir kinne jimme de benoadigde formulieren fine:

*Dielnimmingsformulier SDS League

*Spilerslist SDS League