Okkema’s en Haitsma’s tegeare oan kop

Dei nei wepperke
12 augustus 2004
Marco Ottens nei Mulier?
13 augustus 2004

It krânsenklassemint
Hjir it tuskenklassemint fan freed 13 augustus.

1. Haitsma’s Wommels                           11 kransen
Helaas kaam der woansdei net in krâns by foar de Haitsma’s. Erik sil him no wol hielendal op it fuotbaljen rjochtsje. Wy ferwachtsje dan ek net folle krânsen mear al hat Erik snein net in min partuer yn Seisbjirrum en miskien pakt Jacob-Klaas snein in krâns yn Froubuert.

Hjirûnder de trije kransen fan ôfrûne wykein fan de Haitsma’s


2. Okkema’s Easterein                          11 kransen
Dit berjocht krigen wy fan ‘e wike fanút huze Okkema:
“It foarige wykein hat Tsjipke yn Itens de krans wun, dit hienen wy ferjitten te melden. It wie der in sterk dielnimmers fjild mei sels in earste klasser yn de
gelederen, mar die kaam krek as yn’e cycles net fjirder dan de twadde omloop. As getuige ha wy Sjouke Sjoukema. Mar snel feroarje op’e site”!!

Dit sil der dan wol 11 wêze.

3. Strikwerda’s Wommels                       9 kransen
Ek foar de Strikwerda’s woansdei gjin krâns. Folgend jier better en earst snein mar in krâns foar Redmer yn Seisbjirrum?

4. Scheltema Easterein                           8 kransen
Noch seker net útskeakele sizze se sels, al stean sy neffens ús al wer in tiidsje droech.


4. Broersma’s, Littens                               8 krânsen
In dei foar de Freule krigen wy dit berjocht út Littens:

“Websitemannen SDS,
It kin hast net oars: dy stilte wer’t jimme oer hawwe wolle we best ferbrekke hjer! In foto fan’e stan fan saken oan ‘e muorre op de Mar 16 yn Littens giet hjirby: de grutste ynbring oan ’t no ta is fan de famkeskant, wy as jonges dogge us best om dat wer lyk te luken, moarn is derfoar o sa geskikt, twa tagelyk sjit lekker op.
Tongersdei maile we wol wer efkes. 
Groetnis, Feiko en syn grutte maat (we geane derfoar!!)”

Helaas ek foar Littens woansdei gjin krâns.

Sy moatte net fierder útelkoar hingje want dan passe sy net mear op ús webside.

6. de Boer, Sudhoeke Wommels                7 kransen
Ek foar Douwe woansdei gjin krâns. Hooplik folgend jier better. Snein sil ek hy nei Seisbjirrum.

7. Pompstra’s Easterein                            7 kransen
Klaas hat fakânsy en gjin tiid om spikers yn ‘e muorre te slaan. Neffens ús gegevens ek net noadich want der is gjin krâns by kommen.

8. deJong /Wijnia Lollum                            7 kransen
Dit wykein wie der foar de famylje De Jong/Wijnia in grutte kâns om hegerop te kommen yn it klassemint. Jûn pearkekeatsen yn Lollum en sneon de okkema-partij yn Easterein. Helaas hienen sy de fakansy in skoftke lyn al boekt en moasten sy justerjûn fertrekke. De annuleringsfersekering woe net meiwurkje.

9. de Vries Noard Wommels                        7 kransen
Ôfrûne wykeinfoar de famlie De Vries ek in krâns en sy bliuwe dus meidwaan.

Binne der noch oare kanshawwers, wy witte it net. Hat immen noch in nije foto, of oar nijs oer kransen , mail ús dan info@vv-sds.nl