Weppers moandei 13-1

OFK-finales 2014
11 januari 2014
SDS-sealtoernoai 2014
13 januari 2014

A-seleksje traint yn Easterein
A-Selectie traint dinsdagavond om 19.15 uur in Easterein. Jaap de Blaauw

SDS-sealtoernoai foar D-pupillen
Kommende sneon 18 jannewaris is it jierlijkse SDS-sealtoernoai foar D-pupillen. Jim kinne jim hjir opjaan. It toernoai is moarns fan 9.00-13.00.

Sealtraine
SDS 2 en 3 traine tongersdei yn de seal yn Easterein fan 21.00-22.00. Allegear efkes in eurootsje meinimme.

Oefenje
SDS 2 oefent kommende sneon op keunstgers tsjin VV Nijland 2. Fierdere ynformaasje folget.

Kompetysje
Foar SDS 1 begjint kommende sneon de kompetysje alwer. As it fjild it ta lit dan spylje sy sneon om 14.30 út tsjin De Wâlde 1.

Woansdeitejûn sealfuotbaljûn
De sealfuotballers fan SDS 1 meie woansdeitejûn om 20.30 thús fuotba
lje tsjin Woudsend 1. Willem Twijnstra sil it skoreboerd betsjinje.

SDS 1 – Jong Holland 1
Op basis fan de útslach dy’t wij troch krigen tinke wij dat it ûngefear sa west ha dêr op it LSC fjild.
Jong Holland liet yn de earste helte gelyk sjen dat se net foar neat boppe oan steane yn harren tredde klasse. Mei goed kombinaasjespul wisten se tal fan kânsen te kreearen en foardat SDS yn it skoft op adem komme koe hiene se al 4 doelpunten tsjinkrigen. Bij ien fan de útfallen fan SDS krige SDS in strafskop en Wytze Lanting skoarde.
Nei it skoft mei wat wiksels oan beide kanten it selde spylbyld mar de skerpte wie wat minder. Jong Holland skoarde noch 3 kear en sa kinne wij in 1-7 noteare.

At is allegear oars gien is heare wij it graach.

SDS D1
Wat een mooie taak dat leider zijn van D1, zelfs al is het in de zaal. Zonder schroom werd van de pittige koploper FVC D1 gewonnen. Inzet, techniek en makkelijke afrondingen leverden een 6-2 overwinning op. Ook MKV D2 ging ten onder. Hierbij was de 5e goal van werkelijke wereldklasse. Tikkie-tak van het hoogste niveau. Six points in the pocket! Sietze speelde werkelijk geweldig achterin. Sander door afwezigheid van beide keepers op keep, met iets te grote wanten. Lars met veel inzet en knappe acties, viel ongelukkig en kon niet verder, erg jammer.
Aiso, Hendrik en Nykele deden wat ze moesten doen, met echt mooie goals, klasse jongens!!
Tjerk

KNVB Sealtoernooi SDS D2
Forige wike sneon wie de start fan it KNVB sealtoernooi. De earste wedstriid tsjin Easterlittens gie moeilik, mar we pakten wol de winst mei 1 – 0. De twadde wedstriid gie in stik better; Nicator ut Ljouwert waard met 6 – 2 ferslein. Ofrune sneon dus wer 2 wedstiden.
De earste wie in bysundere striid; fuotbalje tsjin SDS D4. D4 is in “gelegenhiedsteam” mei us “eigen” spilers Michael en Tjerk oanfult mei spilers ut D1 en ut D3. It die hiel gau bliken dat SDS D2 better wie dan SDS D4. Nei fiif minuten spyljen stie it al 2 – 0 foar D2. Dernei wie it ferset brutsen want D2 fuotbalde makkelik nei 5 – 0. Tjerk makke noch de 5 – 1, mar uteinlik waard it ek noch 6 – 1. De twadde wedstriid tsjin Frisia gie net sa makkelik. We kamen wol hiel gau op in 1 – 0 foarsprong, mar dit bleaun it ek hiel lang. Dan bliuwt it fansels spannend. We wiene wol folle better en kamen dan ek letter fertsjinne op 2 – 0 en 3 – 0.
Dernei waard it by us wat minder en Frisia makke de 3 – 1. In pear minuten letter waard it, troch wat in gelokje, ek noch 3 – 2. It waard dus ek noch spannend. Gelokkich makke DJ fiif minuten foar tiid de dik fertsjinne 4 – 2. Nei ofrin tige blije en tefreden gesichten by spilers en coaches. Sunder ien tekoart te dwaan hjirunder de mannen fan de goals fan juster:
Douwe-Jan : 5x
Stan : 5x
Us sintrale man Luka hat net skoard juster, mar wie wol tige wichtig foar it team. Net allichig spylje hij sels hiel goed, hij liet ek oaren better spylje. Koartom in hiele goeie teamprestaasje.
Mei noch fjouwer wedstriden yn februari lizze we moai op skema. Foarich jier wiene we kampioen yn ‘e seal, soe dat no wer slagje.
Theo.

SDS E4

Hjoed moast E4 (sds E2 seal) foar it earst yn aksje komme yn de sealkompetysje. Op it each binne de jonges en famkes fan E4 dreech yndielt, Mar troch in goeie ynset fan alle spilers en klasse keeperwurk fan Jelmer waard mei 2-1 win fan Crisis. Sije scoorde 2 kear.

Dernei wie MKV 29 kan de beurt. Dit team spile sterk en hie al in kear wun , mar E4 hie it op e heupen en wun oertsjoechend fan dit sterke team mei3-0, Gerbrand scoorde alle trije goals.

Harreee 6 punten mei mei Easterein!!!

Gr. Hans

SDS F1
Lw zwaluwen F2. – Sds F1 0-7
Arjen 4x
Redmer W 1x
Gjelt 1x
Sjirk 1x
Sds F1 – MKV 2-0

Jesmer 1x
Redmer 1x
Groetnis FR

It Frysk
Wij kinne jim melde dat sjoen de útslach fan de Fryske kwis it Frysk op dizze side wierskynlik fan in betinklik nivo wêze moat. De wepmasters mei stipe fan net de earsten de besten einigen net yn de top 3.
Opfallend dat it bettere Frysk fan Tjerk van der Pol (team Grodzemodz) komt en dat is de man dy’t syn stikje hast altiten yn in oare taal ynlevert (sjoch hjir boppe)
Mar it wie wol in
noflike jûn.

Harsens derby(1187)
Nei sa ’n goal soenen wy ús ek lyk wisselje litte (en dan nei it sikenhûs bringe litte……….).


Harsens derby(1188)
Miskien is dit ek wat foar ien fan de wepmasters. Tom Huddlestone hie syn trainer beloofd syn hier te knippen as hy skoorde. Dat moast dan ek lyk mar: