Oerwinningswepperkes

Seleksjes SDS 1 en ONT 1.
5 april 2005
De Skoalleseize drok yn ’t spier.
6 april 2005

SDS 1 – ONT 1
Der moast noch 60 minuten spile wurde.
Nei goed 2 minuten spyljen kaam SDS op 1-0 troch in trochkopte bal fan Floris Hiemstra dy’t yn twadde ynstansje ynsketten waard troch Hendrik de Jong.
SDS wie skerp en dat die it earste kertier noch in kear bliken want nei 8 minuten spyljen wie it Gertjan Hiemstra dy’t mei lofts úthelle.
ONT wie doe goed wekker en besocht ek oan te fallen.
Krekt nei de thee krige SDS in libbensgrutte kâns, mar Hendrik de Jong koe de prima foarset fan Wichard Deium net oan de goeie kant fan it net krije.
Gelyk dêrnei sette ONT in oanfal op en sy skoorden de 2-1.
It waard dêrnei in prachtige iepen mar foaral ek spannende wedstryd mei libbensgrutte kansen foar mei namme SDS. ONT die alle war om de 2-2 te meitsjen mar de kounters fan SDS wiene  libbensgefaarlik. Robert Sybesma hie it fisyr net op skerp want hy hie de wedstryd in pear kear beslisse kind.

It bleau 2-1 en dêrmei wie de blydskip yn it SDS kamp tige grut. Foar Klaas Dijkstra ek in opstekker, want de wille om te fuotbaljen straalde der dizze kear ôf.
Hendrik de Jong foel út mei in ankelblessure.

It ferslach fan Wichard Deinum kinne jim hjir lêze. Hjiryn fansels syn wyklikse oertinking.

Hjir noch wat kykjes:

De doelman fan ONT woe wol graach mei nei foaren.

It publyk koe yn dit oere geniete fan in spannende wedstryd.

ONT nimt in frije traap, mar skoort net…

Hendrik de Jong blesseart himsels by in aksje yn it strafskopgebiet. Dokter Overal komt lâns mei wetter.

De ferdigening fan ONT makket him klear foar in frije traap fan SDS.

Ek de doelman fan ONT konsentreart him ….

Wat heechstandsjes fan beide ploegen flak foar it publyk.

Oare útslaggen yn de twadde klasse:
Kootstertille – Blauw Wit 0-3
Friese Boys – Zeerobben  2-2

SDS 3- ONS 3       2-0
Doelpunten Gerlof Veldstra en Harm Auke Dijkstra.

Gerlof hie skoord tsjin ONS. Hy hie gelokkich wol efkes tiid om mei syn fans nei te praten.

Lêste nijs fan de league

De grutste oerwinning fan de jûn waard helle troch in deagewoane seefûgel fan Skrok. Hy wist de SDS league fan dizze wike al wer te winnen. Hy hie krekt de eardere priis opmakke troch in wykein nei syn freonen op Tessel te gean en sil ynkoarten wol wer in wykein fuort wêze.