Evenementen in november 2022

SDS 1 seal noch boppe-oan
25 november 2003
Arjan Posthumus skoort foar SDS 3
25 november 2003

De “geruchtenmasjine” draait en dêr rûgele alwer in nije namme út. Wichard Deinum wol syn spilerskarriëre ôfslúte as spiler/trainer. Dit oansjoen hy no ek alris in training oernimt fan Kees Jansen. Hy stiet derby.

Ek Jan Ydema (no LSC) wurdt neamd. De âld-trainer fan SDS hat wol earen nei in “comeback” yn Easterein neffens ús ynformanten.Hjirûnder it hiele listje:

* Jan Ydema (no LSC)
* Wichard Deinum (no spiler SDS 1)
* Roel Hogeveen (no Balk)
* Johnny Nota (no Zeerobben)
* Loet Boot (no QVC, asen Zeerobben)
* Remco Bervoets (no en asen Minnertsgea)
* Marco Hoekstra (no SDS 2)
* André Semponius (no Nijlân)
* Frans Nijholt (no SC Joure 2)
* Gerlof Kootstra (no Opeinde)
* Eric Schuitemaker (no Creil)
* Johan Neeskens (no NEC)

Wa moat it fan jim wurde? Der binne fêst noch mear gegadigden. Mail it ús!

Der wurdt sein dat de earste sollisitanten dizze wike al op gesprek komme. Wy binne benijd at hjir wat by sit.