Krystweppers

SDS League: Tsjeard pakt kopposysje!
24 december 2008
Weppers snein 28-12
27 december 2008

3e Krystdei
Sneon is der yn it FEC strjittekeatsen. Wy fûnen ien SDS’er op de list. Dat is Pieter Groenveld. Hy hat net in min partoer mei Arie den Breejen en Chris Wassenaar. Sjoch hjir foar de hiele list.

Hiep, hiep,hoera

Tryntsje Bouma is twadde krystdei jierdei. Sij wurdt 18 jier. Fan herte lokwinske. En wij hawwe begrepen dat se har earste auto rydles al bean krigen hat fan/bij Willem de Boer.

Krysttoernoai Frjentsjer
In ploegje SDS ‘ers docht ek dit jier wer mei oan it sterk besette Krysttoernoai fan Frentsjer. Dizze jonges dogge mei:
Jaap, Jacob-Klaas, Erik, Tjeerd B, Tsjipke-Klaas, Skelte, Dirk-Yde en Willem.
Ôfrûne sneon wienen de earste wedstriden en Twadde Krystdei de rest fan de foarrondes mei dêrnei de finales.
Tsjalling Sikma docht ek mei mar spilet foar Dronryp. Foar him is de wichtigste wedstryd moarn om 11.23:
De Haitsma’s wouden graag weten wanneer de topper SDS-Dronrijp op het programma stond! Bij deze 26dec 11.23.    Ik voorspel minstens één gele kaart voor een Haitsma! 
Groeten,
Tsjalling

In bierke

En wat de stân ek wurdt tusken Jacob K. en Tsjalling S. nei de tiid nimme se fêst in bierke.
 

Sneon 27 desimber 2008 – Krystsealfuotbal A- en B-junioaren

Sneon om 18.30 oere begjint it sealfuotbal foar de A- en B-junioaren.

Der om úterlik 18.00 oere wêze!!

Wa NET kin moat dat úterlik sneon foar 17.00 oere melde by de lieders!

Oant sneon. Efkes lekker balje en gesellich neisitte!

Groetnis,

Klaas Pompstra
P.s. De lieder fan B1, Jan-Rinse Blanksma, is dizze dagen allinnich fia de mail te berikken(klik hjir).

Krystkwis
Dit is in moai VI-kwis om mei de Kryst efkes te dwaan. Wy wisten 3 nammen net. Hoe fier komme jim?(klik
hjir)

 

Eredivisie live

At je no fia sc Hearrenfean in abonnemint nimme op Eredivisie Live dan krije je in boek “sc Heerenveen in Europa” en in sjurt mei hantekeningen fan alle spilers thús. Wij witte wol seker dat jim Anne-Marije ynkoarten yn sa’n sjurt rinnen sjogge.
 

20 miljoen kear
Mar leafst 20 miljoen
kear waard dit filmke besjoen op YouTube. Dan kinne wy net efter bliuwe fansels:


Letter mear!