SDS League: Tsjeard pakt kopposysje!

Weppers woansdei 24-12
23 december 2008
Krystweppers
25 december 2008


It is dizze wike “Vallen en Opstaan” fan Dirk de Jong dy ’t de wykpriis pakt. Hy pakte mar leafst 67 punten.

It is Ljouwerter Tsjeard Halbersma dy ’t de kopposysje oernimt fan in oare Ljouwerter, Jaap Toering. Mark Postma stiet 2e mei mar ien puntsje efterstân. Jaap sakket nei it 3e plakje.

Mei noch ien wike te gean sil it om it kampioenskip gean tusken de folgende ploegen:

    Totaal
Stand Naam team:  
1 Tsjeard 565
2 Mark Postma 564
3 Team Toering 558
4 Ozzy 557
5 Banzai 553
6 Gert-Jan Hiemstra 551

Habtamu de Hoop gie mei syn “Happy Feet 2” de lêste wiken leaver nei ûnderen as nei boppe. “As ik noch efkes fierder sakje dan kin ik miskien de poedelpriis noch pakke”. Heechstwierskynlik moat Habtamu earst noch wat âlder wurde foardat hy hjirfoar yn oanmerking komme kin. It “30Plusteam” fan Aant Hofstra liket namelijk aardich wis fan de poedelpriis.

Sjoch hjir foar de nijste stân:
wike 12.