Weppers tiisdei 22-12

Opjefte sealtoernooi D spilers
22 december 2015
Krystweppers!
24 december 2015

C2 yn seal

Sneon mochten de spilers van C2 meidwaen oan it KNVB sealtoernooi yn Warkum.
De earste wedstriid waerd wun mar de rest fan de wedstriden wine wat sterkereteams sadat sy ien nei leste eindigden.

Krystsealtoernoai yn Frjentsjer
Guon SDS’ers hawwe sneon fuotballe yn de foarronde fan it tradisjonele krystsealtoernoai yn Frjentsjer. SDS fuotballe mei Jaap, Jacob-Klaas, Tsjipke, Feite, Jehannes Tichelman, Sicco Scheltema en ien fan de wepmasters. 
2e-Krystdei slút Freek Tichelman him der ek by oan. Dit is ek wol nedich, want sneon waard der út 5 wedstriden 6 punten helle wat betsjut dat de mannen 2e-Krystdei fol oan de bak moatte om nei de folgende ronde te gean. 

It team fan Bote Strikwerda, Jacob van Wieren en Wytze Lanting mei ek noch fol oan de bak. Sy hawwe 9 punten mei Futsal Scharringa. De âld-SDS’ers Geert Dijkstra en Tseard Halbersma hawwe mei Schroevenkopen.nl 8 punten.
Sjoch hjir foar alle stannen.

SDS 2 hat winterskoft
Ek SDS 2 hat no winterskoft. Sy begjinne 19 jannewaris wer te trainen. Fansels is it al de bedoeling dat alle spilers efkes meidogge oan de snertrin op 2 jannewaris.

Lift 2.0
Op 1 jannewaris 2016 om middeis 12.00 giet it wer oan. De Lift 2.0 twadde edysje. Suver wat in SDS 4 oangelegenheid at wij nei de lifters sjogge. Sjoch
op dizze side foar de alderaardichste filmkes, dêr’t de lifters harren foarstelle. De reis giet nei Kopenhagen.

2 jannewaris
Ynkoarten mear oer de aktiviteiten op 2 jannewaris bij de SDS nijjiersbuorrel. 
Der kin rûn wurde, der kin wer draafd wurde (wat koarter as oare jierren) der kin wer snert iten wurde, der wurdt kwist, it rêd draaid wer, de prizen foar de league wurde bekendmakke en jim krije wat te hearen oer koache
Foar elkenien wol wat.
En wij wolle fansels wer tapaslike muzyk heare en sjen litte. Dus witte jim in leuk klipke wat jim graach sjen litte wolle, jou it oan op ús eameladressen en wij sille sjen at der in moaie spyllist fan te meitsjen is.
Ype hoecht neat oan te freegjen. Wij hawwe
dizze al klear stean.

RABO-ledensponsering
Je kinne der noch altiten foar soargje dat SDS troch de Rabobank ekstra stipe wurdt. As je lid binne (of wurde) fan de Rabobank dan kinne je harren freegje 5 euro te stoarten op de rekken fan SDS. Dit kin de hiele moanne desimber.
It kostet je sels neat!
Je meie je gegevens hjir ynfulle.
De kode fan SDS is: RLS_281


Harsens derby (1650)
Ho!