Krystweppers

A.HAK-sealtoernoai E- en F-pupillen
24 december 2012
Koppie koppie 2
25 december 2012

Krystsealtoernoai Frjentsjer
Guon SDS’ers dogge ek dit jier wer mei oan it krystsealtoernoai yn Frjentsjer. Jaap, Feite, Erik, Jacob-Klaas, Tsjipke, Jelmer en Willem hawwe sneontejûn 5 wedstrydsjes spile en meie 2e Krystdei de rest fan de foarrondes en miskien wol de finales fuotbalje. Dit sil noch wol in toer wurde, want sy hawwe sneon 2 kear wûn, 2 kear lyk spile en 1 kear ferlern.
It programma foar 2e-Krystdei foar SDS/De Jimbar sjocht der sa út:
10.26 SDS/De Jimbar – Herberg De Bogt
11.36 Primera Haitsma – SDS/De Jimbar
12.46 SDS/De Jimbar – De Weinstube
13.56 Cafe De Posthoorn 1 – SDS/De Jimbar

A.HAK-sealtoernoai foar E- en F-pupillen
Op sneon 5 jannewaris is net allinnich de snertrin en de nijjiersgearkomst fan SDS, mar ek it jierlijkse sealtoernoai foar E- en F-pupillen. Lês der
hjir alles oer en jou je op. Ynmiddels hawwe 34 E- en F-pupillen harren opjûn, dus der kinne noch wol wat by.

SDS League
De einstân fan de SDS League kinne jim hjir 3e-Krystdei ferwachtsje. Yn de rin fan de middei.

Respekt
Op sneon 8 desimber waarden der gjin kompetysjewedstriden fuotballe yn it amateurfuotbal y.f.m. de tragyske dea fan in assistent-skiedsrjochter yn Almere. Wy ús wepmasters kinne ús aardich fine yn de reaksje fan JV Bolsward hjirop(klik hjir) en soenen it sa ek wol by SDS sjen wolle. 

Krystalvetal
It is it AD slagge om in echt krystalvetal gear te stallen. Sjoch hjir

It burd
Guy Ramos fan RKC hat syn burd stean litten oan ’t hy wer fit genôch wie om te fuotbaljen. Ôfrûne snein wie it sa fier. Wy binne benijd wannear ’t dy iene wepmaster wer fit is……… Of mei wat foar burd Grietzen Broersma yn 2013 it fjild opkomt…
Ramos: ‘Voor mijn baard heb je een heggenschaar nodig’
Dit soe Grietzen wol stean.

Harsens derby(919)
Foar de krystman is it neat wurdich as it net snijt mei kryst, mar reint: