Krystdagenweppers

Weppers freed 23-12
23 december 2011
Weppers tiisdei nei Kryst
27 december 2011

Twadde krystdei jierdeis

Tryntsje Bouma (Da1) wurdt 21 jier

 
Wiebrig Anna Bruinsma  (MC 1) wurdt 13 jier


Thor Ruiter (SDS 2 of 3) liket hjir wol 15 mar hij wurdt al 20 jier.
Allegear fan herte lokwinske.

Fuotbal
De fuotbalferslaafden kinne moandei noch telâne op
Sport 1. Yn Ingelân wurdt fansels wol fuotbald.

Keunstgerstraining
Fanôf woansdei 11 jannewaris sille in oantal ploechjes fan SDS wykliks traine op it keunstgersfjild op Schuttersveld.
E1 op woansdei fan 17.30 – 18.30
E4/E5 op woansdei fan 18.00 – 19.00
C1 op tongersdei fan 18.00 – 19.00
D1 op freed fan 18.30 – 19.30
MC1 op sneon fan 10.00 – 11.00

Wesley
Dy Wesley is in tankber slachtoffer foar de kreative fotobewurkers. Je kinne se sjen op
dizze side.

Krysttoernooi Frjentsjer
2e Krystdei wurdt der tradisjoneel wer sealfuotballe yn Frjentsjer. Fansels is der ek wer in ploegje SDS’ers wat meidocht. Sy sille probearje om it 2e plak fan foarich jier te ferbetterjen. Jaap, Feite, Feiko, Erik, Skelte, Jelmer en Willem spylje harren earste wedstryd om 10.42 tsjin Snack/Posthoorn. Sjoch hjir foar it folledige programma.
Om 13.50 begjinne de 8e finales.

Rocktube Itens
Ús Krystdagen kinne al net mear stikken. Op sneon 25 febrewaris is der wer foar rockers en rokjes wer in Rocktube yn Itens.

Harsens derby (643)
Blykber binne der al aardich wat penaltys ít stadion út sketten, want tidens de penaltyserie binne de ballen plots op. En de keeper mar bidde om in nije bal………..