Weppers tiisdei nei Kryst

Krystdagenweppers
25 december 2011
Weppers woansdei 28-12
28 december 2011

5
De mannen fan SDS binne juster as 5e eindige op it Krysttoernoai fan Frjentsjer. Yn de kwartfinale waard ferlern fan de winners fan foarich jier, De Lange Plastic. It toernoai waard úteinlik wûn troch Zeerobben dy ’t yn de finale fan De Lange Plastic wûn mei mar leafst 6-0.

19
Tarina Veenje (Da1 en alle oare frije doelen bij de froulju) )is hjoed 19 jier wurden. Fan herte lokwinske.

7
Op 7 jannewaris kin elkenien him wer nei hertelust útlibje. De nijjierswinskers, de dravers, de snertiters en de spultsjedoggers. Op 7 jannewaris is de nijjiersit  fan SDS.

1,2,3,4,5,6,7,8,9,……..
Op de webside fan de VI meie je de einstân fan de Eredivisie foarspelle. Ajax wurdt fansels kampioen en SC Heerenveen twadde, mar hoe komt de rest fan de stân de út te sjen? Je kinne it
hjir ynfulle.

2000
Wij hawwe it idee dat hast alle oare radiomakkers dizze wike wol fakansje nimme kinne. Mar leafst 7 miljoen minsken heare nei de Top 2000 op radio 2. Ek op tv is it wer begong. Jûns om healwei achten op Ned 3. Mei prachtige ferhalen sa as justerjûn oer de gitaar fan Pieter van de Hoogeband en it famke dat yn 1964 bij it Beatlekonsert yn Blokker fol fjoer meisong en no as in âldere dame nei har bylden sjocht.

Harsens derby (644)
W. hat fêst in iensume Kryst hân: