Evenementen in december 2022

Wepperkes tongersdei 22-12
22 december 2011
Krystdagenweppers
25 december 2011

Nijjierstoernoai SDS-B- en C-junioaren
Op sneon 7 jannewaris hawwe de B- en C-junioren in sealtoernoai yn Easterein. Sy kinne harren hjir opjaan.

Lokwinske
Mar leafst 4 jierdeis hawwe wij hjoed stean.
Manon Travaille  (Da1) wurdt 19 jier, Falco Jellema  (D3) wurdt 11 jier en Douwe Kooistra (B1) wurdt 15 jier.
En  Evert Tanja dy is hjoed 34 wurden.
Allegear fan herte lokwinske.

Treffer
As alles goed giet dan rollet de nije Treffer fannemiddei fan de parse. Wy hoopje dat der gau by jim op de doarmatte falt, want wy kinne wol fêst ferklappe dat it krystnûmer tige de muoite wurdich is.

Winterstop
Juster wiene de lêste bekerwedstriden yn it betelle fuotbal en no meitsje wij ús op foar in winterstop. In winterstop hat der net altyd west te sjen oan
dit stikje.

Lotting
Foar de twa Snitser ploegen dy’t noch yn de amateur bekerwedstriden sitte, is der wol in in hiel aardige lotting
út de bus kommen.. Sjoch
hjir.

2e Krystdei
Goun SDS’ers sille 2e Krystdei sealfuotbalje yn Frjentsjer en de rest sil harren wol folfrette by famylje of freonen. Útsein Hans van der Schaar en Klaas van der Weg fan SDS 5 dan. Sy spylje mei Why Not 2e Krystdei yn
de 2 Gemeenten yn Jirnsum.

Lift!
LIFT voorpagnina
8 jier lang hawwe wij op en rûn 1 jannewaris ferslach dien fan de liftwedstriid fanút Wommels. Meardere SDS-ers hawwe dêr mei mear of minder sukses oan meidien. Dit jier op 1 jannewaris gjin liftwedstriid mear. Mar wol in boekpresintaasje. De meast geweldige erfaringen binne beskreaun en de meast fasinearjende foto’s binne bijelkoar brocht yn in boek en dat boek leit no ûnder de printpersen fan
van der Eems. Wij hawwe al efkes ynsicht krigen hoe’t it der útsjen sil en wij kinne neat oars sizze dan dat it “in dyk fan in boek” is. Hoe en wêr’t it te keap is kinne jim hjir sjen. En foar de net lêzers: der steane prachtige foto’s yn dy’t de muoite al mear as wurdich binne en boppedat binne de measte ferhalen ynsprutsen  op de lústerskiif dy’t der ek noch bij sit.

Fotosjoppe
Hiel Nederlân is blykber oan it fotosjoppen slein nei it gefaltsje mei hooligan W. Sommige binne de muoite wurdich. Sjoch
hjir mar ris.

Harsens derby (642)
Dit is fansels in penalty. Je meie net blaze as Robben foarby komt…………………