Krekt in bytsje bekommen-wepperkes

Ferslach SDS 1 – Mulier
24 augustus 2004
Kransenklassemint
24 augustus 2004

Nije link
By “Links” kinne jim wer in nije link fine. It giet om de link fan de band wêr as spiler Douwe Kool fan it 3e diel fan útmakket. It giet om de band Frozen Bleu Crystals. As jimme
hjir klikke dan kinne de side ek besjen. De side is noch net hielendal klear, mar hy sjocht der al aardich út.

Hendrik nei Barcelona?
De gerjochten geane der dat Hendrik de Jong op stage by FC Barcelona is en dat hy hielendal net mear blesseare is.

Hendrik is der klear foar. Hooplik sjocht hy der allinne by Frank Rijkaard op ‘e kofje mear útsliept út.

Floris nimt fakansjedagen op
Dit berjocht lei yn myn mailboks:
“Wat is er toch met Floris aan de hand,normaal gesproken heeft hij een hekel aan trainen of een wedstrijd door de week en in die 12 jaar dat ik met hem samen speel is het nog nooit gebeurd dat hij vrij nam om aanwezig te zijn.
Ook dit jaar leek er niets te zijn veranderd,Floris begon twee weken later te trainen dan de rest van de groep.
Maar let op,de afgelopen week was het zijn week dat hij in de avonddienst moest werken en dus niet zou trainen,
wat schetst onze verbazing,maandagavond om 19.20 stapt Floris in Wommels het veld op om te trainen en na
de training roept hij dat hij de rest van de week afwezig is en gaat naar huis. Echter op donderdagavond stapt hij om 19.20 wederom het veld in Wommels op voor een training,wat zou er toch gebeurd zijn!!!!!!! De geruchten gaan nu dat Floris al zijn vakantieuren heeft opgenomen om zo het gehele seizoen 2004-2005 twee keer per week te kunnen trainen. KLASSE FLORIS zo zien wij het graag.
WD”

Yn Wommels traine is ek krekt of binne je op fakansje.

Op ‘e brommer
Hjoed bin ik eindliks wat bekommen fan in dreech mar machtig wykein Lowlands. Ik hoopje ek dat Tom wat bekommen is, want hy siet al wat ûngemaklik weromreis.


Jûn fuotbalje
Jûn wurde der wer op allegear plakken fuotballe troch teams fan SDS. Sa spilet SDS 1 thús tsjin de Tynje en spilet SDS 2 yn Nijlân de derby tsjin Nijlân. Sjoch yn de agenda wêr as fan alles fuotballe wurdt.

Ferslach SDS C1
“Juster mei C1 yn Starum west en op in droech! fjild spile tsjin QVC C1. Dizze wedstriid stie C1 foar it earst op it fuotbalfjild dit seizoen. Gjin training ensfh. In nij team mei ferkate C1 spilers fan foarich jier en de oare helte D1 spilers fan foarich jier. De mannen begunnen tige best. Moaie kombinaasje en goede spul. It wie hast net te sjen as hja foar it earts wer fuotballen en yn dizze gearstalling. Der wie mar ien ding wer we oan sjen koenen dat hja traine moatte. It ôfrounen op de goal wie tige min. QVC 4 kânsen en 3 goals. SDS 10-12 kânsen, 1 goal (Freek Tichelman). Us oars tige toeke spits wist sels op in meter fan de goal oer te sjitten.
Mar hawar, dat koe Willem Kieft ek wol.”
Klaas Pompstra

LC-Coach
Wêr as in wykein Lowlands al net goed foar is. Je komme werom en dan docht bliken dat je gewoan boppe-oan steane yn ‘e subleague SDS fan LC Coach. Sibe lit it wer ris behoarlik ôfwitte en stiet lêst. Peter en Mark dogge ek aardich mei boppe-yn. Klik
hjir foar de stân.

Rikke iel
Op de side www.sabetocht.nl stiet wer in nije brydrage fan de ienige kok binnen SDS Kees Adema. Hy wit jim alles te fertellen oer rikke iel.

Noch nijs?
Hawwe jim nijs? Mail ús;
info@vv-sds.nl Wy binne tige benijd hoe as jimme jûn fuotballe hawwe.