Knyntsjedei-wepperkes -freed-

Seleksje SDS knyntsjedei
29 maart 2006
Seleksjes sneon 1 april
31 maart 2006

Lift frege
De twa knyntsjedeiwepmasters soene sneontejûn ek nei Burgum ta. Dit op útnoeging en oanbean troch ien fan de sponsers. Helaas hat de sponser ôfheakke troch drokke wurksumheden. Sa’n sponser kin om ús it dak wol op, mar dêrmei is it probleem net oplost. Derom de fraach: wa kin noch twa knyntsjedeiwepmasters meinimme.
Reageer bij Willem of Aant.

It sil dochs net?

Seleksjes knyntsjedei
De rest fan de seleksjes foar moarn binne ek bekend. Klik hjir.

Wa wint?
Sil BCV of SDS moarn winne? Hjir de miening fan de minsken dy ’t der ferstân fan hawwe(klik hjir).

Kninegatten
Ek yn Easterein binne der sneon kninegatten noadich. De fundering foar it nije skoreboerd moat útgroeven wurde. Binne der noch kninen beskikber dy ’t goed grafe kinne dan meie sy harren by Feike Jorritsma melde.

Jammer
It is sneu dat hy inkelde wiken werom troch de rêch gien is want eins hie fansels ús eigen Zoef de Haas ek mei moatten nei Burgum.


De knyn en de woartel
Fansels geane der sneon ek in knyn en in woartel mei yn de bus nei Burgum. Dirk-Yde sil dy hjoed ophelje út Sint Jakob. It ferfoer fan dizze knyn en woartel moarn nei Burgum is ek gjin probleem. Al moatte de 2 alwer fan Burgum nei Easterein. Der is moarn fêst wol ien dy ’t dizze 2 yn de auto hawwe wol toch?

Kninen of hinnen
Kippenhok” BCV
wie de opfallende kop yn de Ljouwerter Krante fan moandei. Dy Burgummers bringe ús aardich yn betizing. Wat binne it no hinnen of kninen?
Reaksje:
Hoi Aant en Willem,
At dy Burgummers net kninen binne, mar hinnen dan bin ik der moarn net benaud foar.
Dan bin ik se moarn wol de baas.
Groetnis,
Feite de HOANNE

Knyntsjedagen
Klaas Pompstra hat dúdlik ek inkelde knyntsjedagen hân. Hy kaam juster pas mei it wedstrydferslach fan C1. Klik hjir om it te lêzen.

Broer Konijn
De wrâldferneamde Broer Konijn sil kommende sneon ek oanwêzich wêze yn Burgum. Wij hawwe sels begrepen dat dat hij earst fluitsje sil en dêrnei wer in nije boek útbringe sil. In moai affysje dus.

Knyntsje sprekwurden
“In kinetosk en in frouljushân moatte altyd gean”
betsjut: moatte altyd dwaande wêze.

“De kninen los yn ’t hok”
betsjut: in frou sûnder bh

“BCV is sa bang as in knyntsje”
betsjut: yn Burgum binne sy hiel benaud foar SDS

“De kninen sitte moai efter de tried”
betsjut: in frou mei in moai djip “decolletté”

“Wol mei de kninen troch it rip frette kinne” betsjut: meager

“It is bij de kninen omt ôf”

“Woartel sjitte”
betsjut: it duorret erg lang

“Konijn schieten”
betsjut………….pisje

“Wortelen doet het gat bortelen”
betsjut: fan woartels kinne je goed skite

 

“Wy hoopje dat sneon de wedstriid net knyntsjeboartsjen wurdt”. 
betsjut:dan stelt de wedstriid net safolle foar

“By winst meie de mannen wol in pear knyntsjedagen krije”
betsjut:frije dagen

“Marcel Frankena mei sneon wol in knyn út de hege hoed toverje”
betsjut: mei in ferrassend idee komme

O Jee
It sil dochs sneon net
sa mei de hazzen ôfrinne??…… Dan bliuwt der net folle fleis oer……

Roger Rabbit en Bugs Bunny
Ek dizze âlde filmhelden sjogge it foar sneon hielendal sitten:


Ek derby?
Nei in tal fan tips hawwe wy noch ien man tafoege kinnen oan de knyntsjedei-seleksje foar moarn. R. Knyn sil der moarn foar soargje dat alle lege kratsjes bier wer mei nei hûs ta komme………….
Beun de Haas
Gearard van Asselt liket wol altiten oan ’t wurk te wêzen. Ek fannejûn let sil dizze Beun de Haas wer oan ’t wurk. It is de muoite wurdich om efkes by him te sjen. Dizze aksje hawwe sy jûn:

HUP HOLLAND HUP HUP HOLLAND HUP

Beste minsken…

Late night special. As earste yn oranje!!!!
Freed 31 maart tusken 22.00 – 1.00!!!

It earste(net ljipaai mar)…………….
NEDERLÂNS ALVETAL SHIRT!!

Oankommende freed tusken 22.00 en 1.00 oere kin jim bij my yn Ljouwert as ien fan de earsten beskikke oer it offisjele Nederlâns- alvetal sjurt.

Echt earder binne sy net te ferkrijen!!!

Wannear ’t jo beslúte dit shirt te keapjen dan ûntfange jo in koarting fan 30 % koarting op de hiele kolleksje fan Aktie Sport.

Derby krije jo nog in gratis Hollân-shawl t.w.f 10 eurie.

Is it net al te mâl drok dan stiet fansels de kofje waarm.

In pear wike letter (datum moat nog bekend wurde, komt wol goed ) kin jo it sjurt gratis beletterje litte.

Wint Nederlân de kwart finale, dan mei jo foar 25% fan de waarde fan it sjurt gratis by ús te winkeljen.

Winne se de heale finale dan meie jo foar 50 % fan de waarde fan it sjurt gratis winkelje.

Wurde se dit jier kampioen dan meie jo foar it folle pûn fan de waarde fan it sjurt jo nochris bij ús utlibje.

De prizen fan de shirts binne:

Heren E 69,95

Dames E 64,95

Kinder E 59,95

Dus ik soe sizze, kom freed gerust efkes lâns.

Groetnis Gerard van Asselt….

HUP HOLLAND HUP HUP HOLLAND HUP