Klaas "Dak" nimt ôfskie fan it 2e

Senioren SDS presteare goed
16 november 2002
Teammanager SC Heerenveen sprekt sponsors ta
21 november 2002

Klaas “Dak” Visser hat juster ôfskied nommen fan it twadde alftal fan SDS. Lykas it grutste diel fan de B-seleksje hat hie problemen mei de oanfangstiid fan ‘e thúswedstriden fan it twadde. Hy kin it net langer opbringe om sneons de hiele dei kwyt te wêzen oan it fuotbaljen oansjoen hy ek noch in gesin hat. Hy wol graach fuotbaljen bliuwe, mar dan op sneontemiddei. SDS hat neffens my genôch teams die him wol brûke kinne om healwei trijen sneontemiddeis. Foar it twadde is it in gemis. Dit liet hy sneon noch efkes sjen troch fiif minuten foar tiid foar it twadde te skoaren mei in typiske “Klaas Dak-goal”. Hy wipte de bal mei in bôgje oer de keeper hinne yn ‘e goal.