Keunstgersfjild útsykje

Ut- en ferslaggen 21-11
20 november 2015
Weppers moandei 23-11
21 november 2015

Fjild keure
It is sneontemoarn, goed njoggen oere. De wyn hat him efkes deljûn en de sinne lit merke dat er noch wol wat krêft hat.
It is suver lekker waar en dus stiet ien fan de keunstgerssneupers yn it Noard yn Wommels yn de koarte broek te wachtsjen op it buske.
It buske dat in ploechje SDS-ers in slach troch Fryslân bringe moat om fjilden te besjen.
Foar de wissichheid hat de koarte broekdrager ek in Ramones teesjurt oan, wierskynlik ek Ramones CD yn de tas sadat hij ûnderweis wat fatsoenlike muzyk heare kin.
Keunstgers útsykje dat doch je net samar. Dat moatte je leare.

De goeie keunstgersútsiker docht dat yn de koarte broek, mei in trainingssjurt oer it Ramonessjurt en mei de fuotbalskuon oan.
En hij moat rinne as in aaisiker en omsjen as in aaisiker, dat hat keunstgerskenner Eddy de Boer as adfys meijûn.


En at je dan gelok hawwe, dan fine je ek noch in broedzje…..syn earste ea….