Keninginneweppers

SDS League: Camataru pakt de wykpriis!
29 april 2011
Weppers snein 1-5
30 april 2011

Neikompetysje
Der binne noch twa wedstriden te spyljen troch it earste fan SDS en it kin noch alle kanten út. Twa kear winne is it beste. Mar slagget dat net dan is neikompetysje ek noch in opsje. Nû 13 en 14 degradeare streekrjocht en nû 11 en 12 komme yn de neikompetysje. Hoe dat allegear regele is kinne jim
hjir en hjir lêze.

Fuotballe
Der binne hjoed dochs noch wat SDS’ers yn slagge om in baltsje te traapjen. Sawol in stik of wat Reahúster as Wommelser SDS’ers fuotbalden foar harren skoalle op it Geert Engbers-skoalfuotbaltoernoai fan Easterlittens.

Jeugdkoördinator
SDS is op syk nei in jeugdkoördinator en wy ferwachtsje net dat sy hjoed ien fine op de rommelmerke. Wa ’t der mear oer witte wol kin
hjir sjen.

Wa wit hjir mear fan?
Hallo “wie dan ook maar” 
Ik ben op zoek naar mijn bestuursperiode bij VV SDS. 
Ik weet niet meer precies wanneer dat was en dat wil ik wel graag weten; er hangt naast mij op mijn PC-kamer een bestuursfoto met Freerk Smink, ML de Boer, voorz., Jan Strikwerda , Tinus Hoehstra en Ph Hingst en T.Pander.  
Volgens mij bestond de VV 25 jaar op 10-8-1972 en is toen deze foto genomen. Kunnen jullie mij vertellen welke jaren ik in het bestuur gezeten heb en met wie. 
BVD en met vriendelijke groeten,
Lieuwe Hoitinga
erelid
Wa hjir wat oer wit mei maile nei hoitingal@planet.nl

Ferskaat
Tongersdei wienen der by it trainen fan de B-seleksje mar leafst 6 man. Johan Faber seach jongens út mar leafst 6 ferskate teams: Wytze fan SDS 1, Jan-Simon fan SDS 2, Jentsje fan SDS 3, Johan P. fan SDS 6, Martin fan A1 en Willem fan Seal 1.

Foar Ajax of SC Heerenveen yn de Jimbar
Snein is Heerenveen-Ajax op it skerm yn de Jimbar.
Jo kinne je foar de wedstriid oanmelde as Heerenveen- as Ajaxfen. Foar de ploech dy’t wint wurd de rekkening fan harren kwytskolden. De konsumpsjes dy’t boargemaster makke wurde wurd per persoan opskreaun(dus gjin rûntsjes…)
Oant snein 14.30 oere!


Easterein Rocks
In soad SDS’ers sille jûn wol nei it Skoalleseizekompleks komme foar Easterein Rocks. Wat der allegear spile wurdt witte wy net, mar dizze sil sawiesa wol foarby komme.

Harsens derby (460)
Sommige spitsen skore makliker fan fierôf dan fan tichtby: