Keatsers aktyf yn Ingelum

Nije teamyndielingen senioren
22 juli 2004
Welke foto wolle jimme?
24 juli 2004

Tiisdei begjint it fuotbalseizoen mei de earste training. Hoewol der waard moandei en woansdei yn Wommels al aardich oefene. No’t it fuotbaljen wer bejint, sil it mei it keatsen wol wat minder wurde. It liket er op dat elkenien snein noch in poging dwaan sil yn de kransen te kommen. Yn Ingelum steane se moarns fanôf 9 oere al te keatsen: Wa:

Tsjipke Klaas, Marten, Skelte, Feite, Robert, Floris(!), Remco, Jacob Klaas, Durk Yde en âld SDS-er Sjoerd Boonstra. Mear as 40 partoeren stride dêr om de heechste ear. Ien fan de partoeren dy’t ek meidocht is dat fan Pieter van Tuinen, Piet Jetze Faber en Johannes Brandsma