Nije teamyndielingen senioren

Wepperkes
21 juli 2004
Keatsers aktyf yn Ingelum
24 juli 2004

Ûnder “senioren” kinne jimme de nije teamyndielingen fine foar kommend seizoen. Inkelde dingen falle op.

*De A- en B-seleksje begjint tegeare oan it seizoen en yn ‘e rin fan de foarbereiding wurdt sjoen wa as yn ‘e A- en wa as yn ‘e B-seleksje terjochte komt. Dit betekent dat der 41 man te trainen komme kinne.

*Daan Boersma wurdt wer neamd as flagger fan it 1e.

*SDS 3 hat noch gjin leider.

*SDS 5 is promoveare en dêrom SDS 4 wurden. SDS 4 is SDS 5 wurden.

* Der hâlde aardich wat Overaltsjes op. Wilco, Klaas en Syb(of Samme?) Overal op fan fuotbaljen. Martin Overal hâldt ek op, mar is noch beskikber.

*Peter Kusters, Jan Keuning, Rene Velzen, Bas Kraak, Jan Bouke Bouma en Albert Jan Kamstra binne jammer genôch ek stoppe. It kin wêze as ik ien ferjitten bin.

* Simon Jellema, Koos Plantinga en Harry Hutting binne fanôf no net mear eltse sneon op it fuotbalfjild te finen, mar al beskikber as it noadich is. Hendrik Okkema is net mear beskikber.

* De yndieling fan de junioren komt pas oer inkelde wiken.

Hawwe jimme noch wat oer de yndieling, mail dan efkes nei
info@vv-sds.nl