SDS 1 kin him klearmeitsje foar de neikompetysje

Karnafal yn Wurdum: SDS 5 wint
9 maart 2003
Wedstriidprogramma SDS D1
13 maart 2003

It 1e sealteam fan SDS hat woansdei  hun lêste kompetysjewedstryd tsjin ONS mei 4-4 gelykspile. Nei mei rêst mei 3-0 foar stien te hawwen, koe SDS de wedstryd net winnend ôfslúte. ONS wie feller en de SDS’ers liken ten ein. Nei sels noch mei 4-3 efter stien te hawwen koenen sy dochs noch in puntsje meinimme nei Easterein.

SDS kin him hjirtroch hast wol klearmeitsje foar de neikompetysje, want it kampioenskip kin sa wol ferjitten wurde. Sy steane no wol boppe-oan, mar RES en Lemsterlân kinne beide boppe hun komme at sy hun inhelwedstriden winne.

Doelpunten:
Feite 2
Tsjipke 1
Harm 1

Troch blessueres en oare dingen koe coach Willem Overal dreech oan spilers komme. Opmerklik wie it debút fan trainer Kees Jansen. Ek Floris Hiemstra die mei.