It begjin (1)

It begjin (2)
25 maart 2004
Bûtenpost sjocht it hielendal sitten
25 maart 2004

It begjin(1)

Yn elts doarp is wol in gaadlik plakje, dêr’t jonges tsjin in bal skoppe kinne. Yn Easterein wie yn de 40-er jierren sa’n stikje greide achter de pastrorij, it Dobbelân (no yn gebrûk by Sjoerd Bonnema). It lei smûk yn’e leite fan it doarp en dêrom brûkten bygelyks de musykferiening en de feestkommisje it ek wolris, as der wat de rêden wie. By de pleats fan’e bruorren Van der Valk lei ek in stikje lân, dêr mochten de jonges ek graach in baltsje skoppe. En dêr wienen de greppels net sa djip. Twa panlatten mei in toutsje der oer hinne, dat wie de goal. Dy paste krekt tusken twa greppels yn. Op simmerjûn fleagen dêr de jonges achter in brún learen bal oan. It gong der omwei. Men koe it geraas yn Itens wol heare. Der kamen ek wolris âlderen op ôf. Faaks dienen se de klompen as learzens út en dienen efkes op’e sokken mei. Dirk ten Dam, de slachter, hy hie yn Warkum spile. En Yme Zijlstra, hy kaam fan Hidaard en dêr hienen se doe ek al in klubke. Gerrit Vermeulen, Andries Vaartjes, Arjan van der Vliet, Jan Dekker (fan’e smid), Berend (kick) Wybrandy en noch oaren. Easterein soe ek in ‘echte’ fuotbalklub ha moatte, sa waard der sein. Der hie alris faker praat fan west, mar it wie der noait fan kommen. Mar no op in jûn yn 1947, gongen in stikmannich fan dy manlju by elkoar sitten, der waard praat en praat en úteinliks wie it safier: fan 10 augustus 1947 ôf hie Easterein in fuotbalklub. Men koe lid wurde foar in kwartsje yn’e moanne. It tenue stie ek al gau fêst: in swart broekje, in wyt besgroentsje (de measte keatsers hiene dat wol) en ‘swart-wyt geblokte kousen’. Doe moast der ek noch in namme komme. De jonges seinen wolris SDO (samenspel doet overwinnen) as OZO (Oosterend zal overwinnen), mar dat wiene fansesl gjin offisjele nammen. Yn’e stikken komme wy al gau de nije stjin: VVO (voetbalvereniging Oosterend).

Yme Zijlstra waard de earste foarsitter. It wie net in maklik begjin, it wie flak nei de oarloch. Der wie net folle jild. VVO wie ek net by De Bond. In protte leden wiene allinne yn’e simmer lid, want yn’e wintermoannen wie der dochs neat te rêden. Dan waard men tydlik lid-ôf, dat skeelde wer in pear kwartsjes.

Op sneontemiddei wiene der wedstriden. De spilers fytsten nei doarpen en stêden yn’e fiere omkriten. Nei Spannum, Skearnegoutum en Gau, nei Nylân, Snits, Seisbierum en Aldegea. Waard der yn Easterein spile dan wiene der in protsje minsken, eins altyd deselde, fanatyke supporters fan’e earste oere. Oaren rûnen foar it fuotbal hielendal net waarm: sa’n skopperij! En noch wer oaren wienen der gewoan op tsjin: wie fuotbal op tal fan plakken net in bedriging fan’e zondagsheiliging?