Evenementen in december 2022

De "drekfytser".
25 juni 2005
Wepperkes -moandei-
27 juni 2005

Fakansje tiid

De fakansje tiid brekt wer oan en alle jierren docht wer bliken dat er wat mis gean kin.

Sa hearden wy fan in famylje dy’t er in wykein tusken út soe. Mei 6 gesinnen en sa’n 35 minsken waard dit jier in kamping boekt yn Julianedorp. Mei it moaie waar dit wykein koe dat hast net mis gean.

Op freedtemiddei soe it spul dêr byelkoar komme. Neidat earst in bommelding flakby Den Helder al foar opûnthâld soarge, kaam de grutste ferrassing op de kamping doe’t de earste leden fan de famylje dêr oankamen. De kamping wie hast fol. Der wie hjir en dêr noch in plakje foar in tinte mar foar 15 tinten/karafans/kampers wie gjin plak. Boppedat seagen de lekker spritsitende en bingo spyljende grize golf dames en hearen harren rêst aardich fersteurd mei de komst fan de gefaarlik útsjende Hofst(r)ad groep.

Oerlis mei de kamping baas levere mar ien konkluuzje op: in misbegryp mei ferfelende gefolgen. Der wie gjin plak. Neidat 20 kampings yn de buert ôfbelle wiene, waard er noch mear dúdlik. Dizze groep wie net wolkom op in kamping(?) of der wie echt gjin plak.

Nei in protte fjouweren en fiven en gebel mei de letkommers siet er neat oars op as werom te kearen nei Fryslân. By ien fan de leden fan de famylje yn Nijbeets waard op in stik lân supersnel in kamping ynrjochte en sa waard it dochs noch in moai wykein wat foaral yn it teken stie fan it ynweiden fan de krekt oanskafte famylje Biertender.

Sneu wie it foar it stel dat al op de fyts nei Julianadorp ûnderweis wie en 3 kilometer foar de kamping it tillefoantsje krige. Noch in gelok dat se der by lizze koene op de fyts.

Yn sân hasten waarden er noch gau wat húskes en in brûs ôfhierd.