Evenementen in december 2022

Wepperkes -woansdei-
21 juni 2005
In wykein der tusken út
26 juni 2005

Nei in wike fan ûndersyk binne wy der efter wa as hjir lein hat.


Gerrit “R. de Vries” hat de hiele wike oan ‘e gong west mei syn ûndersyk nei de saneamde drekfytser. Syn ûndersyk begie moandei doe ’t hy ierde betiid op syn fytske nei Wommels gie en nuvere fuotstappen ûntduts op it fytspaad. Doe ’t hy ek noch seach dat de berm skeint wie seach hy der in saak yn. Wa wie dizze man/frou west dy ’t heechstwierskynlk yn de nacht fan sneon op snein hjir lein hie en yn de feart sitten hie? Wa wie de “drekfytser”?

Gerrit “R. de Vries”(ek wol Gerrit blomkoal) skeakele syn fotograaf yn om detailleerde foto’s te nimmen. Op dizze webside waard in oprop pleatst. Sels hearde Gerrit inkelde tsjûgen tidens syn wurksumheden foar de Jumbo tusken syn ierdbaaien en ierdappels.

De saak like gau oplost doe ’t bliken die dat Hendrik Kuiper in jonge út de feart helle hie op sneontejûn doe ’t hy nei hûs ta fytste. Dit gie om in sekere G.F. Wie dit dan de “drekfytser”? Al gau kaam Gerrit der efter dat dit hast net mooglik wie. Dizze keatser hie fiersten te grutte fuotten. Nei de fuotten fergelike te hawwen mei de drekpoaten op it fytspaad die bliken dat dit him net wie. Dizze keatser hie al yn de sleat sitten mar net op it plak wêr as de berm sa skeint wie.

Gerrit gie op fierder ûndersyk en seach dat de fyts fan Rinse Joustra ûnder de blaue drek siet. Wie dit him dan? Dizze keurige Heerenveen-supporter dy ’t yn it deistich libben wat yn de makelaardij docht. Dit wie hast net mooglik….
Gerrit ferdjipte him noch fierder yn de saak en kaam der efter dat yn de nacht fan sneon op snein Rinse syn fyts útliend hie. Gerrit kaam hieltiten tichter by de oplossing. Rinse blike syn fyts útliend te hawwen oan ien fan de…………..Waku’s!!!!!!!!!!!
Dizze twillingbroers binne tegeare út Wommels nei Easterein ta fytst op sneontejûn. De “drekfytser” bliket dy fan de broers te wêzen dy ’t sûnt koart bekend makke hat dat hie SDS 3 ferlitten giet foar Drachtster Boys……

Fierders wurde der gjin meidielings dien yn dizze saak.

Hawwe jim noch oanwizings of oanfullingen op dizze nuvere saak, mail dy dan nei info@vv-sds.nl!

Wy tankje Gerrit “R. de Vries” foar syn gedegen ûndersyk.