Wepperkes -moandei-

In wykein der tusken út
26 juni 2005
Wepperkes -tiisdei-
27 juni 2005

Nijtsjes?
Nei eindliks bekommen te wêzen fan sawol de Wommelser as de Eastereiner feesten kinne jimme hjir hjoed wer ferskeidene SDS-nijtsjes ferwachtsje. Hâld de side dus goed yn ‘e gaten hjoed!

Pieter jierdei!
Juster is de keeper fan SDS 5 Pieter Groenveld 33 jier wurden! Fan herte lokwinske!!
Klik hjir om him ek lok te winskjen!!

33 jier alwer!

16 man
De foarlopige A-seleksje foar kommend seizoen sil heechstwierskynlik út 16 man bestean. De nije trainer Marcel Frankena wol it hjir earst mei besykje. Der komme 2 man oer út de B-seleksje. Dit binne Jeroen Brouwer en Ruurd Boorsma. Beiden trainden ôfrûne seizoen ek al geregeld mei de A-seleksje mei.

Nije leider?
Dit wykein is der in delegaasje fan it 1e sealteam fan SDS op paad west om in nije leider. It is ús noch net bekend as de syktocht slagge is. Der stienen ferskeidene nammen op it listje.

Teamyndielingen
It is noch net dúdlik as Jelle de Boer kommend seizoen wer yn de 35+(SDS 4) sit. Der geane geruchten dat der foar him dispensaasje oanfrege is om te spyljen yn F5….

As dit de nije pasfoto fan Jelle is dan moat dy dispensaasje gjin probleem wêze foar de KNVB liket ús.
(Bron www.oranjeenheitelan.nl)

Nijs?
Hawwe jimme noch nijs, mail dan nei info@vv-sds.nl.

Leuk!
It hat neat te krijen mei SDS mar ik fûn him wol leuk.


Bron: www.foksuk.nl