In sneon yn byld

Utslaggen sneon
19 maart 2005
Wepperkes -snein-
20 maart 2005

Sneon 19 maart, 
SDS 1 tsjin Nijlân , F5 tsjin LSC om 3 oere thús en sy ferlearen mar hienen in protte wille, SDS 3 liet 2 punten lizze yn Ljouwert, SDS 2 helle 3 punten tsjin de koprinner, SDS 4 wûn al wer en ek SDS 5 wûn.
De A-s lieten it sitte (9-0) en B 1 wûn.

Wat sfearfoto’s fan dizze dei:

Om goed 12 oere kaam alles wer byelkoar.Elkenien socht op eigen wize nei in goede tarissing. Sjoerd Postma iet noch efkes in patatsje foardat hy SDS 4 wer fluite.


Remco Brouwer wie terjochte de man fan de wedstriid tsjin Nijlân.

It fuotbaljende diel fan de famylje Tiemersma (Ype en Albert) moat mei 1 pear fuotbalskuon ta.
Ype wachte yn syn badslippers de wedstryd fan Albert ôf.


Durk Okkema spile nei jierren blessurelijen úteinlik wer in wedstriid. Mei SDS 4 helle hy in 7-1 oerwinning 


Ate Feike de Boer hie syn earm goed ynpakt. Dochter Janneke moast it thús sûnder ruften dwaan.


Al wer in gefaarlik momint foar it doel fan SDS. Ek dizze kear wie Remco hear en master.

 
Daan Boersma spruts as freon Ate Feike moedjouwende wurden ta nei it ûnterjochte ferlies.


Jelle de Boer ferfong Jaap Boekholt yn it doel fan SDS 4


SDS F5 spile de earste thúswedstriid. Sy hiene in protte wille. Helaas ferlearen se mei 1-9. It ienige doelpunt wie fan Koen Zuidema


Skiedsrjochter Smedes spruts de coach fan Nijlân efkes ta, doe’t dy ferbaal wat te folle lûd joech. Lyckle Bleekveld sjocht it allegear oan.


De spilers fan F5 nimme de taktyk noch efkes troch.


SDS1: Tsjipke Klaas Okkema springt heech genôch, mar mist de bal. Miskien hie it dermei te meitsjen dat hy krekt by de kapper wets wie.


SDS 2 moast ek alle silen bysette om it doel skjin te hâlden. Hjir krije Marten, Robert, Ruurd en Tsjeard it dochs wer foarelkoar.