Hoe giet it yn oare Leagues?(4)

SDS EK-League: stân bliuwt lyk.
26 juni 2004
SDS EK-League: Pessimisten sakje.
27 juni 2004

Sibe lit ús witte dat hy ynmiddels op it 7 nei ûnderste palk stiet yn de Gemeente Snits-Pool. Kollega Oebele Anema docht hjir net oan mei, dus dy rekkenje wy sa dat hy yn elts gefal ûnder Sibe stiet.

Helaas liet Oebele ús al witte dat hy meidocht by Easterlittens. It is net te leauwen dêr dogge 239 mei. Bekinden ja wol; Oebele ha se mar op nr 10 fêstsetten. Se wolle him wat paaie. Feiko Broersma (B-1) stiet op 71, Egbert Bootsma op 88 en Skelte 115.Hjirûnder kinne jimme de stân yn Easterlittens besjen.
http://www.nwfriesland.nl/vvo/

Jan Simon Jelsma stiet net allinne ûnderoan yn de SDS EK-League. Ek stiet hy allerlêst yn de “âldere jongerein”-Pool fan Easterein. Hjir hâldt hy sels de punten fan by. Sels hat hy allinne net safolle.

Johan Delfsma (Oeds) hat him oanmelden as behearder fan de SDS league by de LC. Oaren kinne no hiel maklik oanslute. It stiet no wat raar. Oeds ien nei ûnderste en Aant op in tige fertsjintslik twadde plakje.