Hoe giet it yn oare Leagues?(3)

SDS EK-League: Chris Postma nimt de lieding oer
25 juni 2004
Wepperkes
25 juni 2004

Nij lid fan SDS, Ruurd Boorsma, lit ús witte mei te dwaan oan de VI-Continental EK-League. Juster stie hy op it 5167e plak fan ‘e ûngefear 51.000 dielnimmers. Dit is dus net sa gek. Dit team hat hy beiïnoar skarrele foar de kwartfinales.


It is wat dreech te lêzen, mar it is te dwaan. Wy kinne fêst ús analyse wol dwaan. Wayne Rooney hie net moaten. Hjirmei wie it jild op foar in goeie keeper. Edman is de folgende wedstriid skorst. Mei Sol Campbell hat Ruurd wat pech hân. Ruud van Nistelrooy wurdt topscorer fan it toernoai en Milan Baros is super, dus dat liket net sa gek.

Hendrik Engbrenghof lit ús witte dat hy juster 10029e stie yn de Villa BvD-League. Hy stie hjirmei sa ’n 3000 plakken leger as Sjoerd van Beem.

Willem Wijnia stiet noch altiten 2e yn ‘e Nurse-Pool fan it sikehûs en Snits. De familie Hulzinga út Wommels dogge goed mei mei hun 4e plak.

Johan Delfsma lit it wat ôfwitte yn LC-Coach. Hy sakket fan 191 nei 547. “Abe Jan’s vriendin”(Liesbeth Bootsma?) stiet no heger. Sy stiet 348e.

Wy heare neat mar fan Sibe oer de “Gemeente Snits-pool”. Wy tinke dat Oebele Anema fier boppe him stiet.

Dogge jimme ek mei yn oare EK-Leagues? Lit ús witte hoe jimme steane en mail nei info@vv-sds.nl