Haitsma’s hiene in prima wykein

WykeinWepperkes
8 augustus 2004
2 dagen foar de Freule-Wepperkes
9 augustus 2004

It krânsenklassemint
Hjir it tuskenklassemint fan 9 augustus.

1. Haitsma’s Wommels                           11 kransen
De bruorren Haitsma hawwe in goed wykein hân en nimme it 1e plak oer fan de Okkema’s. Erik kaam sawol sneon as snein mei in krâns thús ûndanks syn minne want. Jacob-Klaas pakte snein de krâns. Seker foar Jacob Klaas wie dit in opstekker want hy hie noch net folle wûn. No hie der snein net in gek partoer fansels mei Johan Abma(winner PC 2004) en Folkert van der Wei(winner PC 2003).
 Trio Johan Abma wint in Bolsward

Dêr boppe as 2e fan moat rjochts Jacob-Klaas stean mei in krâns.

 

 

Hjirûnder de trije farske kransen fan de Haitsma’s


2. Okkema’s Easterein                          10 kransen
Neffens ús steane sy noch altiten op 10 krânsen. Wy moate noch al efkes melde dat Joutsen Okkema sneon in knap 3e plak helle op de Âld-Meiers-partij yn Hitzum. Dit telt jammer genôch net foar it krânsenklassemint en dêrmei sakje sy dochs nei it 2e plak..


3. Strikwerda’s Wommels                       9 kransen
Redmer pakte juster mei syn Freule-maten in krâns yn Frentsjer. De Strikwerda’s komme hjirmei op 9 krânsen en nimme it 3e plak oer fan de Scheltema’s.

4. Scheltema Easterein                           8 kransen
Noch seker net útskeakele sizze se sels, al stienen sy neffens ús dit wykein droech.

5. de Boer, Sudhoeke Wommels                7 kransen
No as Douwe syn hân wer wat oan de betterjende hân is, kaam der lyk wer in krâns by. As hy dit trochset dan binne wy benaud dat wy ûndanks de grutte hûn op it hiem der dochs noch ris in kear hinne moatte foar in foto.

6. Pompstra’s Easterein                            7 kransen
Klaas hoechde neffens ús dit wykein gjin nije spikers yn ‘e muorre te slaan.

7. deJong /Wijnia Lollum                            7 kransen
De 6de krans wie wat let ophong neffens W.D, mar no hat bliken dien dat er der wol hong mar omdat it net sa’n grut hús hong hy oan de oare kant. Wy moatte tajaan : dat is dreech kontrolearen. De 7e krâns is no ek binnen. Yn Arum wie noch in ledenparty en Trinus waard gelyk lid en sa kaam hy wer mei in krâns thús. Mei noch ledenpartijen yn Burchwert, Wytmarsum, Tsjom, Achlum en Lollum binne der noch folop kansen op kransen.

8. de Vries Noard Wommels                        7 kransen
Ek de famlie De Vries hie der wer in krâns by en bliuwt meidwaan.

Binne der noch oare kanshawwers, wy witte it net. It bliuwt noch altiten fertocht stil by de famylje Broersma yn Littens. Feiko pakte al in 2e priis sneon. Mochten sy no woansdei op ‘e Freule al de krâns pakke dan kinne der lyk 2 spikers yn ‘e muorre. Feiko keatst dan mei syn brourke(?) Grietzen Broersma.

Hat immen noch in nije foto, of oar nijs oer kransen , mail ús dan
info@vv-sds.nl