2 dagen foar de Freule-Wepperkes

Haitsma’s hiene in prima wykein
9 augustus 2004
1 dei foar de Freule wepperkes
9 augustus 2004

Beker?
Noch altiten is it ûndúdlik as SDS 1 seal en de 35+ fan SDS wol meidogge oan ‘e beker. As ien hjir mear oer wit dan wolle wy dat graach witte. Mail it nei info@vv-sds.nl.

De krâns
Sy komme noch net yn oanmerking foar in plak yn it krânsenklassemint mar dogge dochs knap mei. Feite de Haan, Gert-Jan Hiemstra en Robert Sybesma pakten snein wer ris in krâns. Yn Skalsum wienen sy neffens de webside fan de KNKB (
www.KNKB.nl) fierút de sterksten op de frije formaasje partij foar senioaren. Miskien wurdt it dochs tiid om 1e klas te keatsen?

Knap wykein
It wykein koe foar Anne Brouwer net stikken. Sneon mei SDS 1 de oefenwedstriid winne tsjin Blauw-Wit en snein mei de jonges fan Wommels ek noch in 1e priis pakke yn Frentsjer.
 Wommels wint generale van de Freule








Soenen wy binnenkoart wer sa’n foto ferwachtsje kinne?

Kompetysje-yndielingen
Eindliks steane alle kompetysje-yndielingen op ynternet. Fan SDS 1 oant en mei SDS F4. De teamyndielingen fan ‘e senioaren steane der ek al in skoftke op. De teamyndielingen foar de jeugd steane yn it bewarnûmer fan ‘e Treffer dy ’t sneon oer in wike útkomt. Sy steane al gau dêrnei ek op ynternet.

Oanmelding fia de webside
Wy hawwe de 2e oanmelding fan in nij lid binnenkrigen fia ús webside. Hjir binne wy tige wiis mei. Wy hoopje dat der noch mear minsken binne dy ’t lid wurde wolle fan SDS. Je kinne dat dwaan troch hjir links op “aanmelden” te drukken en it formulier yn te fullen. Je kinne je ek “gewoan” oanmelde by Eddy de Boer. Sjoch foar syn adres op ‘e begjinside by “informatie“.
 

LC-Coach
Ynmiddels hawwe wy al 4 oanmeldingen foar LC-Coach. Dit binne se:

Positie Coachnaam Team Woonplaats Totaal 
1 Sibe Skrokkers Wommels 0
2 Ruurd Boorsma VV t Maximale Bolsward 0
3 Mr de Jong SDS kampioene easterein 0
4 Bundy Married with footbal Wommels 0
As je op de namme klikke dan kinne jimme hun opstellingen besjen.
Wolle jimme ek meidwaan oan dit spultsje sjoch dan op
www.leeuwardercourant.nl. Tink der al om dat je by it oanmelden fermelde dat je meidogge wolle oan ‘e subleague: SDS Easterein. Ek moat je je oanmelde foar kommende freed 12 augustus.